Hast tûzen Nederlanners besmet yn Eastenryk

jannewaris 4, 2022 09:59

964 minsken binne posityf test op koroana nei in reis nei Eastenryk om de jierwiksel hinne. Dat berjochtet it AD op basis fan sifers fan it RIVM. Dat binne der seis kear safolle as de wike foar 28 desimber. It tal positive teste reizgers dy’t weromkommen binne út Switserlân en Italië is ferdûbele.

Foto © J.C. Gellidon op Unsplash

By minsken dy’t tusken 27 desimber en 3 jannewaris nei Dútslân en Frankryk giene, rûn it tal besmettingen op neffens de wike derfoar. It giet om absolute sifers, dat it is net dúdlik oft it totale tal minsken dat yn dy wiken op reis gie, ek in rol spilet.

By de GGD’s fernimme se dat weromkommen fakânsjegongers faker posityf op koroana teste. In wurdfierder fan de GGD Hollands Midden seit yn it AD dat fan de 1120 minsken dy’t út it bûtenlân kamen en har teste lieten, 45,5% posityf bliek, wylst ûnder net-reizgers it persintaazje posityf 29,4 wie. Foar reizgers út Eastenryk rûn it persintaazje posityf testen sels op ta 59,5%.

jannewaris 4, 2022 09:59
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Remco jannewaris 4, 11:39

    De QR-koade hâldt dus gjin positive testen/besmettings tsjin. Sa gau as kin mei ophâlde.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.