Hark- en sjochtip: 25 jier sûnder Alvestêdetocht

jannewaris 1, 2022 09:42

4 jannewaris by Omrop Fryslân op radio, telefyzje en ynternet

Tiisdei 4 jannewaris 2022 is it eksakt 25 jier lyn dat de lêste Alvestêdetocht ferriden waard. Yn de jierren dêrop folgen wol kâlde winters, mar ta in Alvestêdetocht kaam it oant no ta net. Foar Omrop Fryslân oanlieding om op 4 jannewaris wiidweidich omtinken te jaan oan dy lêste tocht. De tocht is online en op ’e radio te folgjen, as wie it 1997 en jûns is der in bysûndere Weromrop.TV mei unike bylden dy’t al 25 jier yn it argyf fan Omrop Fryslân steane.

Foto: Omrop Fryslân

Histoaryske fragminten op radio
Yn de dagen foarôfgeand oan de 15e Alvestêdetocht yn 1997 is Omrop Fryslân op de radio nonstop yn de loft. Bânrekorders yn de radiostudio draaie de hiele dei mei en meitsje it presys 25 jier letter mooglik om de tocht nochris fan hiel tichtby mei te meitsjen. Fan moarns 6.00 oant jûns 18.00 oere is alle oeren in seleksje fan dy unike fragminten op radio te hearren.

Fan minút oant minút online Online is de 15e Alvestêdetocht ek op ’e foet te folgjen. Omrop Fryslân hâldt in liveblog by dêr’t fan minút oant minút yn byhâlden wurdt wat der barde op dy histoaryske dei, presys 25 jier lyn, mei bysûnder byldmateriaal en opfallende lûdsfragminten.

Werom yn de tiid mei Weromrop.TV en FryslânDOK
Yn 1997 bestiet de regionale telefyzje fan Omrop Fryslân noch gjin twa jier. Jonge programmamakkers lizze 4 jannewaris 1997 alles fêst. Se binne op de Blikfeart as it tsjuster en gefaarlik is, yn Sleat dêr’t it grut feest is, by de steapels skuon dy’t achterbliuwe yn it FEC en yn it MCL dêr’t riders mei beferzen eagen holpen wurde. Op tiisdei 4 jannewaris is in ekstra lange Weromrop.TV te sjen mei in seleksje fan de meast bysûndere reportaazjes.

Foar elkenien mei waarme gefoelens foar iis en reedriden is der yn jannewaris trije kear in FryslânDOK oer de Alvestêdetocht te sjen by NPO2 en Omrop Fryslân. Op 1 en 2 jannewaris is dat ‘Lij Wetter’. Yn de wykeinen fan 8/9 en 15/16 jannewaris sjocht FryslânDOK werom mei de twadielige dokumintêre ‘Doe’t de tocht dy’t nea trochgong… trochgong’.

jannewaris 1, 2022 09:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.