Grutte Gedichtejûn op freed 4 febrewaris yn Dokkum

jannewaris 28, 2022 10:15

Bliid as in protter kin de redaksje fan Frysk literêr tydskrift Ensafh oankondigje dat fanwegen de nije koroanamaatregels de Grutte Gedichtejûn diskear wer yn it echt plakhat. Ferline jier wie it folslein digitaal, dichters hawwe doe filmkes ynstjoerd, mar dit jier steane der mar leafst fjirtsjin dichters yn de IIsherberch yn Dokkum. De poëtyske jûn stiet plend op freed 4 febrewaris en begjint om 19:30 oere.

De Grutte Gedichtejûn is in soarte fan poëzymaraton, mei’t alle dichters ien fers foardrage. Wat is in poëzyjûn sûnder muzyk? De nedige muzikale ôfwikseling komt dêrom fan it duo Onno en Henderikus.

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret alle jierren de Grutte Gedichtejûn. It is allegearre jierren lyn begûn yn Snits, mar no is it om ’e twa jier yn in oar plak yn Fryslân. De redaksje fan it tydskrift wol sa oan alle dichters yn Fryslân in poadium biede om harren wurk hearre te litten oan in breed publyk.

Foto en ûntwerp: Geart Tigchelaar

jannewaris 28, 2022 10:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.