Grutste EK Futsal ea giet troch yn Grins en Amsterdam

jannewaris 18, 2022 08:33

De ôftraap fan UEFA Futsal Euro 2022, it grutste EK sealfuotbaltoernoai ea, komt hieltyd tichterby. Fan 19 jannewaris o/m 6 febrewaris 2022 binne de Ziggo Dome en MartiniPlaza it dekôr foar de bêste futsalspilers fan Europa. Foar it earst yn ’e skiednis stride sechtjin lannen om de Europeeske titel.

Boarne: MartiniPlaza

De koroanamaatregel dat gjin publyk tastien is by sporteveneminten is by de parsekonfersinsje fan 14 jannewaris ferlinge. Op tiisdei 25 jannewaris beslút it kabinet opnij oft der mear mooglik is. Dat betsjut dat de wedstriden fan UEFA Futsal Euro 2022 yn de groepsfaze sûnder publyk spile wurde moatte. It is op it stuit noch ûntwis oft der publyk by de wedstriden yn de knock-outfaze oanwêzich wêze mei.

Fans dy’t al in kaart foar it toernoai kocht hawwe, krije it folsleine oankeapbedrach werom en krije dêr in e-mail fan it KNVB oer.

Folgje UEFA Futsal Euro fia NOS of ynternet
De wedstriden fan Oranje Futsal, in fearnfinale, de heale finales en de finale binne streekrjocht by de NOS te sjen. It folsleine útstjoerskema is te finen op knvb.nl/futsaleuro. Hichtepunten fan alle wedstriden kinne fan midnacht ôf op UEFA.tv besjoen wurde.

jannewaris 18, 2022 08:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.