‘Groot Fries Molenboek’, in mânsk jubileumboek foar Stichting De Fryske Mole

jannewaris 10, 2022 12:44

Boekbesprek

© Stg. De Fryske Mole

De mûnesaakkundigen Warner B. Banga en Gerben D. Wijnja ha derfoar soarge dat De Fryske Mole, oan ’e ein fan it jier dat dy stichting syn fyftichjierrich jubileum betocht, in wiidweidich en nijsgjirrich oersjoch krige oer de striid foar de Fryske mûnen yn de ôfrûne 125 jier. Yn fiifhûndert siden fertelle se oer dy striid foar it behâld fan de mûne yn it lânskip en yn it steds- en doarpsgesicht.

Fan 1970 ôf waard dat behâld de grutste taak fan De Fryske Mole, dy’t as opfolger fan de Friese Molencommissie dêr noed foar stean moast. De stichting soe yn ’e rin fan al dy jierren benammen in rêder fan poldermûnen wurde en fungearre as biezemwein foar al dy krepearre mûnen dy’t faak, fier fan de bewenne wrâld, suver út it sicht fan de mienskip stiene. Mar it wiene wol ‘wurkhynders’ dy’t sûnt minskeheugenis de wetterstân behearsken. Wjukkedragers mei ferhalen dy’t der ta diene.

It doel fan it boek waard omskreaun as it fêstlizzen fan ferhalen dy’t ynsjoch jouwe yn de ûntjouwing fan de wrakseling dy’t mûnders, mûnemakkers en bestjoerders belibben yn harren mienskiplike doel om âlde wynmûnen as bedriuw en foar ús lânskip te bewarjen. Hoe’t dat allegear realisearre waard, en faak ek net, wurdt wiidweidich ferteld yn tweintich haadstikken dy’t gronologysk it ferrin beskriuwe.

By dat ûndersyk levere histoarikus Warner B. Banga út Dokkum weardefolle bydragen, benammen út it noarden fan Fryslân wei. Dêr waarden de stêd Dokkum en it Hantumerleech net by fergetten. Oer It Amelân wie er ek op ’e tekst en oer de ynfloed fan de mûnebrân fan Boerum.
Gerben D. Wijnja hat him al sûnt de santiger jierren fan de foarige iuw yn de Fryske mûnen ferdjippe en dat die fertuten by it gearstallen fan it boek. Hy kaam, lykas as Banga, krekt op ’e tiid noch op besite by âlde mûnders dy’t ferhellen oer harren mûnetiid. Dat wie faak in wrakseljen yn waar en wyn, mar ek de striid foar it behâld wie net selden in ferhaal fol emoasje.

Ien fan de haadstikken is wijd oan de Beabuorster Mole by Tsjerkwert, sûnt 1990 ien fan de kroanjuwielen fan de Stichting: dat levere mar leafst tritich siden op fol nijsgjirrich nijs út de skiednis fan dy poldermûne, illustrearre mei prachtige foto’s.

Boarne: Groot Fries Molenboek

Der is ek in histoarysk haadstik wijd oan mûnen yn Boalsert, mei in oangripend krystferhaal dat te krijen hat mei de seachmûne dy’t dêr ea stien hat. Wijnja die de ynspiraasje foar dat ferhaal op út oantinkens fan de ferneamde Douwe de Wit, in sosjalist yn ieren en sinen, dy’t yn ’e santiger jierren by him op skoalle yn de skiednisles kaam te fertellen oer syn wurk op de seachmûne en de earmoede yn de âlde Gysbertstêd.

Nijsgjirrich is ek it ferhaal fan mûneroedemakker Brunia fan Eksmoarre, dy’t as smid ferskate mûneroeden makke hat. Yn dat rychje is der ek omtinken foar Yde Schakel, ek fan Eksmoarre, dy’t yn de santiger jierren aktyf wie yn de mûnewrâld en derfoar soarge dat ferskate mûnen fan de ûndergong rêden waarden, lykas de Penninga’s Mole op ’e Jouwer. Oer dy mûne wurdt ek wiidweidich ferslach dien yn in apart haadstik, omdat krekt dy mûne in foarbyld is fan hoe dreech oft de striid foar it behâld west hast. Dat hat ferskate kearen faai stien.

Mar der is fansels folle mear. Sa wurdt úteinset mei in wichtige útfining: de selsswichting. Wijnja dûkt yn de skiednis fan dy tapassing en ferhellet oer de fersprieding dêrfan oer de provinsje. In nijsgjirrich ferhaal dat it begjin fan de mûnestriid waard. Is betsjutte foar mûnders mear gemak, want it wrotten mei de seilen yn waar en wyn wie dêrmei ferline tiid. Wiidweidich binne de ferhalen oer de poldermûne fan Broeksterwâld, de Oegemûne.
In oare fernijing wie de tapassing fan Dekkerwjukken, dy’t basearre wiene op de fleantúchtechnyk. Oan ’e hân fan ûnderfiningen wurde ferskate ferhalen ferteld, benammen oer de Wynzer mûne, ek al in besit fan de stichting.
Hiel bysûnder is ek it haadstik oer mûnder, mûnemakkersfeint en boerearbeider Marten van der Meer fan Winsum. Syn deiboeken oer de oarloch en it wurk oan de mûne binne bewarre bleaun en troch de famylje foar ferwurking beskikber steld. Dat jout in goed byld fan it krewearjen op harren wettermûne yn dy drege oarlochsjierren.
Fan in oar kaliber is it haadstik oer de mûnen fan de grutte feanpolder fan Weststellingwerf. Yn dy bydrage steane de oantinkens fan mûnder en reedrider Albert Koning sintraal. It lean fan wettermûnders wie net sadanich dat se derfan libje koene. Wettermûnders diene der altyd wat by om it jiersalaris op te krikken foar in draachliker libben. Koning die dat mei reedriden op ’e koarte baan en sleepte sa moaie jildprizen yn ’e wacht: in wolkomme ynstruiïng.

Fansels wurdt de skiednis fan de stichting beskreaun en de foargonger komt ek oan ’e oarder mei nijsgjirrige ynformaasje. Saai wurdt it nea, want de ferhalen fiere de boppetoan. Dat wie ek de bedoeling fan De Fryske Mole. Feiten oer skiednis en technyk binne fan alle mûnen wol fêstlein op ynternetsiden, de ferhalen net en dêr wie it de stichting om te dwaan en dêr ha de beide skriuwers wakker op ynheakke.
It boek is rynsk ynllustrearre mei prachtige foto’s, de opmaak sjocht der fersoarge út mei in goed lêsbere lettergrutte en de ferhalen binne meinimmend. Guon bydragen binne skreaun yn it Frysk. Wy kinne de lêzers dit boek fan herte oanrekommandearje.

De priis fan it Groot Fries Molenboek is € 42,95. Sjoch ek www.grootfriesmolenboek.nl. It is ek te bestellen by gwijnja@ziggo.nl.

jannewaris 10, 2022 12:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.