Grinslanners mei fakkels de dyk op as protest tsjin gaswinplannen

jannewaris 15, 2022 09:48

Mei it biedwurd ‘Respekt foar Grinslân’ geane Grinslanners sneontejûn de dyk op mei fakkels om te protestearjen tsjin de plannen om noch mear gas te winnen. Steatssekretaris Vijlbrief foar Mynbou stelde freed nochris 250 miljoen euro beskikber om slachtoffers mei te kompensearjen, mar dat is foar in protte ynwenners net genôch om it wantrouwen wei te nimmen.

Foto: pixabay.com

De Grinslanners binne foaral frustrearre om’t se fine dat se net serieus nommen wurde troch de polityk. En se binne bang dat it de rest fan it lân ek net ynteressearret. Foaral no’t de gasprizen oprinne, wurdt hieltyd faker sein dat de gaskraan yn Grinslân fierder iepen moat. Op de ôfskiedsdei fan it foarige kabinet makke demisjonêr Blok fan Ekonomyske Saken bekend dat der dit jier dochs mear gas wûn wurde moat yn Grinslân as pland wie, fanwege leveringskontrakten mei Dútslân. Dat kaam boppe-op de eardere oankundiging dat der ekstra gas nedich is fanwege fertraging by de bou fan in stikstoffabryk, dat it gas út Grinslân oerstallich meitsje moat.

Moandei stiene Grinslanners oerenlang yn rigen by gemeentehuzen om gebrûk meitsje te kinnen fan de 10.000 euro dy’t harren foarholden wie as kompensaasje foar de jierrenlange ûnwissens oer de takomst fan harren wente. It reservearre bedrach fan 300 miljoen euro wie lykwols net genôch om elkenien dy’t der rjocht op hat te kompensearjen.

De fakkeldemonstraasje is ek tsjin de plannen fan minister Kuipers fan Folkssûnens om it bernehertsintrum fan it UMCG yn Grins te sluten. Dy soarch wurdt op oare plakken yn it lân konsintrearre, nettsjinsteande de goed 250.000 protesthantekeningen dy’t sammele wiene. De direkteur fan it UMCG rint jûn mei yn de demonstraasje en ropt oaren op om ek mei te rinnen.

Kabaretier Bert Visscher is ek lilk, sjoch it filmke op Twitter:

jannewaris 15, 2022 09:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.