Grinzer Museum iepenet doarren foar ûnderwiis

jannewaris 23, 2022 08:41 Fernijd

Fan tiisdei 25 jannewaris ôf kinne learlingen it Grinzer Museum wer besytsje. It museum it bliid dat kultueredukaasje gewoan trochgean mei. Foar skoallen yn it primêr en fuortset ûnderwiis is in moai en learsum oanbod gearstald foar De Bernebiënnale en de útstalling JR: Chronicles. Dosinten dy’t mei harren klasse komme wolle, kinne har oanmelde fia de webside fan it museum.

Kultueredukaasje yn it Grinzer Museum (foto: Corné Sparidaens)

Ynteraktive rûnlieding troch Bernebiënnale en JR: Chronicles
As ûnderdiel fan de besite kin de skoalle kieze foar in rûnlieding yn De Bernebiënnale of yn de útstalling JR: Chronicles. De museumdosint fertelt oer de keunstwurken dy’t der te sjen binne en de keunstners en giet yn petear mei de learlingen. Op ynteraktive, learsume en tagonklike wize komme dy mei keunst en kultuer yn ’e kunde.

Ferantwurde besite
Mei de ûnderwiisynstelling soarget it museum foar in ferantwurde besite dêr’t de regels fan de oerheid by folge wurde. Sa drage learlingen fan trjettjin jier en âlder ferplichte in mûlekapke en learlingen fan groep 6, 7 en 8 wurdt oanret om in mûlekapke te dragen. In koroanatagongsbewiis is foar skoalgroepen net nedich. Elkenien moat oardel meter ôfstân hâlde.

Oanmelde
De edukaasjebesite is mooglik foar it primêr en fuortset ûnderwiis. Skoallen dy’t belangstelling hawwe, kinne har oanmelde fia www.groningermuseum.nl of op wurkdagen kontakt opnimme mei it museum fia 050 – 3666555.

jannewaris 23, 2022 08:41 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.