Gerrit Jan Konijnenberg, ‘The Flying Dutchman’, snein yn ‘Andere Tijden Sport’

jannewaris 30, 2022 08:51

Nederlân: it platste lân op ierde. Gjin wûnder dat it lân amper in rol fan betsjutting spilet yn de wûndere wrâld fan it skyspringen. Dat is bekend fan Nijjiersdei en fan Eddie Edwards, de Britske skyspringer dy’t op syn hiel eigen wize ferneamd waard as ‘Eddie the Eagle’.

Foto: ©NTR

Yn dy tiid, de tachtiger jierren, wurdt in Nederlânske studint fereale op de skâns. Syn namme is Gerrit Jan Konijnenberg. Syn dream is fleane op de Olympyske Spullen. Fol passy stoart er him op dat doel. Tsjin de stream yn, mei fallen en oereinkommen, as pionier út de Lege Lannen. Mar ek fjochtsjend tsjin de strange easken fan it NOC.

De lêste nije ôflevering fan Andere Tijden Sport yn de oanrin nei de Olympyske Winterspullen giet oer de dream fan Gerrit Jan Konijnenberg, The Flying Dutchman. It programma bringt him en syn kompaan fan dy tiid, Eddie the Eagle, boppedat wer byinoar: in bysûndere moeting.

Snein 30 jannewaris, 22.25 oere, NPO 1 – Andere Tijden Sport (NOS/NTR)

Foto: ©NTR

jannewaris 30, 2022 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.