Gemeenterie Olst-Wijhe wol yn it Nedersaksysk gearkomme
Resint ferskynd

Yn de Oeriselske gemeente Olst-Wijhe, mei Olst en Wijhe as grutste plakken, wurdt fanâlds Sallânsk praat. Dat is in Nedersaksyske streektaal. It spilet oant no ta gjin rol yn ‘e polityk, mar de gemeentlike VVD-fraksje wol dat feroarje.
In moasje fan de VVD om yn de riedsgearkomste fan maart Sallânsk te praten waard ienriedich oannommen. Fierder besleat de gemeenterie dat de útnûging foar de riedssitting twatalich ferstjoerd wurdt en dat de gemeente skoallen stimulearje sil om les te jaan yn it Sallânsk.
By it behanneljen fan ‘e VVD-moasje praten guon riedsleden al Sallânsk. De boargemaster en de ferantwurdlike wethâlder diene dat ek. Boargemaster Ton Strien sei it brûken fan de streektaal geunstich wie foar de sfear en de ienriedigens yn ‘e gemeenterie.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje