Gemeenten kreatyf mei nijjiersboadskip

jannewaris 8, 2022 18:48

Om’t it yn tiden fan koroana net mooglik is foar gemeenten om nijjiersresepsjes foar harren boargers te organisearjen, betinke boargemasters oare wizen om harren nijjiersboadskip út te dragen. Dêr binne no fansels audiofisuele middels foar dêr’t faaks ek noch in grutter publyk mei berikt wurde kin. It Nijs set in tal aardige nijjierboadskippen op in rychje. We beheine ús, as Frysktalich medium, ta boadskippen dy’t foar in part of hielendal yn it Frysk binne.

By boargemaster Jehannes Kramer fan Noard-East Fryslân binne we thús op besite. Hoewol’t syn wurden sa út en troch yllustrearre wurde mei bylden, komt er net fan de bank; dat it nijjiersboadskip moat it alhiel fan de ynhâld hawwe.

Dat lêste jildt likegoed foar boargemaster Klaas Agricola fan Dantumadiel, mar dy wikselet geregeldwei fan dekôr en set dan syn ferhaal op in oar plak yn de gemeente wer fuort.

Yn it filmke fan de gemeente Waadhoeke sit mear beweging: boargemaster Marga Waanders kuieret fan Menaam nei Frentsjer en op tal fan plakken ûnderweis komme de wethâlders om wat te fertellen.

Boargemasterske Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân doch ek sokksawat: hja kuieret troch Drylts – dêr’t de gemeente de nijjiersresepsje hâlde wollen hie – en praat mei in tal ynwenners fan de stêd.

Troch alle ynteraksje skeat it eigentlike nijjiersboadskip fan de Vries der blykber wat by yn, want dy stiet op de gemeentlike webside:

Bêste ynwenners fan Súdwest-Fryslân,
No’t 2021 hast op ’e ein is, sjogge wy werom. It wie in jier mei twa gesichten. Mei in soad moannen dy’t bepaald waarden troch koroanamaatregels. En in perioade mei faksinaasjes en it hast folslein ferdwinen fan maatregels. In perioade fan optimisme en foarútsjen. Fan foarsichtich dreame fan in wrâld dy’t net mear sa ûnder ynfloed fan koroana stiet. En no hawwe wy op ’e nij in perioade fan lockdown.

It falt in soad fan ús dreech. Fan jong oant âld. Undernimmers, frijwilligers. De kulturele sektor en sportferieningen. Elkenien moat him wer oanpasse.

Troch alles hinne witte wy ús te rjochtsjen op ’e ljochtpuntsjes. Fan it reedriden oan it begjin fan it jier. It toerist yn eigen lân wêzen. Wy wisten fansels wol dat wy yn it moaiste hoekje fan Nederlân wenje. Mar wy hawwe dit jier better as ea tefoaren ús Súdwesthoeke mei nije eagen sjoen. Ik wie ek hieltyd wer ûnder de yndruk fan ’e kreative oplossingen dy’t wy mei-inoar betocht hawwe. It binne de lytse dingen dy’t it libben moai en weardefol meitsje.

Ik gun ús allegearre wat mear bewegingsfrijheid yn it kommende jier. Om de dingen dy’t no net kinne wer op te pakken. Om te ûndernimmen, mei-inoar te genietsjen fan in evenemint, de sfear te belibjen by in moaie foarstelling. Ik sjoch der nei út om mei nije enerzjy oan ’e slach te gean yn 2022. Om mei-inoar in boost te jaan oan Súdwest-Fryslân. En jo wer te moetsjen yn it nije jier.
Us mienskip is sterk, ik wit dat wy dit kinne. Foar de grutte, soms wrâldwide, útdagingen dy’t foar ús lizze, fine wy oplossingen dy’t wurkje foar Súdwest-Fryslân. Dy’t passe by ús. Allinnich mei-inoar komme wy fierder.

Ik winskje jo in moai en benammen sûn 2022 ta, mei in soad ljochtpuntsjes.
Pas goed opinoar.

Boargemaster fan Fred Veenstra fan De Fryske Marren fynt faaks noch it bêste in lykwicht tusken ferdivedaasje en ynhâld. Syn nijjiersrede hâldt er efter it buro, mar der is in wiidweich yntermezzo mei filmkes fan petearen dy’t Veenstra hie mei fertsjintwurdigers fan ferskate maatskiplike sektoaren.

De folsleine nijjiersrede wurdt boppedat skriftlik yn it Nederlânsk en it Frysk op de webside fan de gemeente publisearre. Ta beslút nimme we de Frysktalige ferzje hjir yn al syn hear en fear oer:

Bêste Fryske Marders,

Yn it earste plak: foar eltsenien in goed en sûn 2022. Folle lok en seine! Ek dit jier binne wy net by elkoar, mar meitsje wy tankber gebrûk fan de mooglikheden om dizze taspraak digitaal by jo yn ‘e hûs te krijen. Dat jout ek wer nije mooglikheden. Ik tink dat der sa mear minsken yn de gelegenheid binne om myn taspraak te sjen, no of op in letter tiidstip, dan wannear’t wy it yn de riedsseal dogge. Ek kin ik jo op dizze wize aansen in pear opnames fan moaie gesprekken mei minsken út ús mienskip sjen litte. Sa hat elts neidiel ek wer syn foardielen! 

It jier begûn sawat yn alle plakken yn ús gemeente aardich rêstich. Wat my wol opfoel wie dat der nettsjinsteande it ferbod in hiel soad fjoerwurk, somtiden swier fjoerwurk, ôfstutsen waard. It is ferbean, it koe dus net. En bysûnder spitich wie dat der yn Ychtenbrêge úteinlik ynset fan de ME nedich wie.

Oan ‘e oare kant snap ik dat in soad minsken ferlet hawwe fan byinoar wêzen. Dêr ha we op dit stuit eins gjin mooglikheden foar. De corona-omstannichheden steane it net ta, mar minsken, wy allegearre, snakke dernei. Ik hoopje oprjocht dat wy mei de folgjende jierwiksel wer yn alle doarpen in echt feest fiere kinne, sûnder oerlêst, sûnder gedoch. De ME is der om de oarder te hanthavenjen, net om maatskiplike problemen op te lossen. Wy moatte yn alle gefallen as gemeente, doarpsbelangen, en ynwenners, jong en âld, yn petear om te sjen wat wy dwaan kinne, yn de kommende tiid en rjochting de folgjende jierwiksel. Hjoed hawwe wy in goed petear mei Doarpsbelang Ychtenbrêge hân.

Genôch oer de jierwiksel. Ik wol efkes weromsjen op 2021. Dat doch ik aanst ek mei in tal minsken út ús gemeente dy ‘t ik dêroer spruts. Corona hold ús it hiele jier dwaande, of better, it hold ús yn de greep. Al hast twa jier moatte we oars libje as dat wy wend wiene. Mar as ik sjoch nei de gemeente dan sjoch ik dat der nettsjinsteande alle beheiningen in hiel soad dien is. Neist alle gewoane wurksumheden is der yn dit lêste jier fan it hjoeddeistige kolleezje in soad wurk ferset. Ik neam de beliedsplannen foar duorsumens, sinnefjilden en de enerzjystrategy. Maar ek it reyntegraasje- en partisipaasjebelied en it sportbelied. In nij beslút oer it iepen hâlde fan it AZC yn Balk. Wy ha meters makke mei plannen foar maatskiplike foarsjennings yn Balk en op ‘e Jouwer. Der binne plannen foar de feangreideproblematyk fêststeld.

En der leit noch in tal plannen klear der ‘t de ried de kommende wiken en moannen noch oer te set sil. Bygelyks it rekreaasjebelied, it ôffalbelied en ús nije kultuernota. Dêrnjonken is folop wurke oan wenningbouplannen yn ferskate doarpen en stean der de kommende tiid lytse en grutte bouwplannen op stapel, sa as Wyldehoarne 4 op ‘e Jouwer.

Soms binne kolleezje en ried it net mei elkoar iens. Sa is it útstel foar in rekreaasje-ûntwikkeling by Balk net oernaam troch de ried. Mar dat is demokrasy sa ‘t it heart te wurkjen. De ried makket de finale ôfwaging.

Wat dit jier net trochgie wiene opnij in soad eveneminten. Wat is it foar de organisatoaren en ús as ynwenners en besikers fan bûten spitich dat we dêr net fan genietsje koene. En wat wie it foar ús minsken en foar my persoanlik hieltyd wer in dreech beslút om nee sizze te moatten. Dat makket myn fak der net aardiger op, moat ik jo sizze. Wat in foardiel is datst inoar yn minne tiden goed kennen learst. De kontakten mei bygelyks de skûtsjebestjoeren hawwe noch nea sa yntinsyf west. We binne al lang wer begûn mei de petearen oer de kampioenskippen fan 2022. Oan ús sil it net lizze!

Nettsjinsteande de ôfwêzigens fan eveneminten hawwe in hiel soad toeristen dit jier fan ús gemeente genietsje kinnen. It wie yn de simmer drokker as ea. Dat wie goed foar ús hiele toeristysk sektor en de hoareka. En ek de middenstân koe mei de nedige kreativiteit dochs saken ûndernimme. In foarbyld: de Jouster Merke koe yn de tradisjonele opset net trochgean. Dochs koe hjir yn goede gearwurking tusken ûndernimmers en gemeente wat fan in feestlike stimming ûntstean, ynklusyf de kermis.

Mei de nedige kreativiteit en ynset geane wy as gemeente ek it kommende jier temjitte. Wy gean gewoan troch mei it meitsjen fan bestimmingsplannen, it ferlienen fan subsydzjes, it jaan fan útritfergunningen, rydbewizen of Wmo-foarsjennings. Mar dy kreativiteit is yn it foarste plak nedich foar saken dy ’t oer in langere termyn geane.

We sille bygelyks neitinke oer ús takomst as gemeente. Hoe tinke wy dat ús bernsbern yn dit gebiet libje wolle soene en hoe kinne wy dan no de goede beslúten nimme? Dêr is in lange-termyn fyzje foar skreaun dy ‘t de kommende wiken oan de ried, oan de lokale polityk oanbean wurdt. Sa kin it in ynspiraasjeboarne wêze foar de ûnderhannelingen oer in nij kolleezje.

Mar ek it regearakkoart foar ús nije kabinet kin dêr in bydrage oan leverje. De útspraken oer de Lelyline meitsje dat ek wy neitinke moatte oer de foardielen en neidielen dy ‘t dy line mei him meibringt. In typyske lange-termyndiskusje. En it nije kabinet wol fierder mei regiodeals. In moai ynstrumint om yn ‘e mande mei ús buorgemeente moaie plannen foar just ús regio te smeien. In regiodeal slute je tegearre. Ik hoopje dat de fjouwer rieden dy’t prate moatte oer de takomst fan ús Sosjaal Wurkfoarsjenningsbedriuw Empatec ek mei elkoar, tegearre, ta in droegen en ienriedich beslút komme. De goed 1000 minsken dy ‘t dêr wurkje hawwe rjocht op regionale bestjoerlike solidariteit.

Oer solidariteit praat. De ôfrûne perioade docht in swier berop op ús solidariteit, ús libben en ús wurkjen. Yn in tal petearen hie ik it der oer mei fertsjintwurdigers út ferskate maatskiplike sektoaren. We sille der no nei sjen.

(boargemaster Veenstra lit opnamen fan eardere petearen sjen)

Ik fûn it prachtich om op dizze wize mei de minsken te praten. In pear saken foelen my derby op.

In it foarste plak: wy libje yn in feilige gemeente. Litte we dat koesterje. Plysje, gemeente, mar ek al dy minsken dy ‘t belutsen binne by de buertwhattsappgroepen soargje dêrfoar. Dat dogge we tegearre en litte we dat dwaan bliuwe.

We moatte kreatyf wêze. It echte ûndernimmerskip komt no boppe. Dat jildt foar de grutte en lytse ûndernimmers, mar ek foar elkenien dy ‘t mei goede ideeën ús mienskip ferbetterje wol. Ik tink bygelyks oan de learlingen fan de tienerskoalle op De Lemmer dy ‘t prachtige ideeën hawwe oer it klimaat en dêroer meikoarten mei my yn petear gean.

“Doch dyn wurk mei wille en tink nei oer watst fan in oar hearst”. In wize les fan de vice-foarsitter fan ús ried. Yn maart ha we gemeenteriedsferkiezings. As wy dy wize les ta motto ferheffe, dan sille wy yn dy nije ried moaie diskusjes krije oer de ûnderwerpen dy ‘t yn ús gemeente fan belang binne foar ús allegearre.

De leafde en oandacht dy ‘t yn de soarch jûn wurdt, soargje foar ljochtpuntsjes. En de soarchferlieners binne ek sels ljochtpuntsjes. Net allinnich yn de âldereinsoarch, mar oeral. Oft it no om de húsdokters giet, de thússoarchmeiwurkers, de minsken yn Maeykehiem, se binne allegear ljochtpuntsjes dy ‘t we nedich ha. En ik rekkenje dêr ek de minsken fan De Kear by, en neam spesjaal de jongereinwurkers dy ‘t mei in hiel soad ynset soargje dat ús jeugd ek op in goede wize troch dizze coronatiid komt.

En dan de poster dy ‘t oan de ein yn byld kaam. Hâld moed, haw leaf. We libje yn in yngewikkelde tiid. De measten fan ús besykje der it bêste fan te meitsjen sûnder al tefolle yn diskusje of yn de kontramine te gean. Oan de flanken is der ferbaal ferset. Soms, ek by ús, binne der demonstraasjes. Dat mei en dat fasilitearje we wêr nedich en wêr ‘t dat kin. Mar lit ús, as leafhawwen tefolle frege is, besykje respekt foar inoar op te bringen, goede omgongsfoarmen brûken te bliuwen en mei kompassy nei inoar yn it libben te stean. As ús dat slagget moat it net dreech wêze om moed te hâlden.

2022 begjint ûnder it juk fan corona. Mei faksinaasjes, medisinen en begeliedende maatregels moat it mooglik wêze, ik bliuw optimistysk, om dit jier ûnder dat juk út te kommen en ús normale libben wer oppakke te kinnen. Sadat De Fryske Marren wer de kleurrike, aktive en noflike gemeente wêze kin dy ‘t it al wie, dy ’t is en bliuwe sil.

Tankewol.

jannewaris 8, 2022 18:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.