Fûgelgryp fêststeld yn Blije
Resint ferskynd
Op in plomfeebedriuw yn Blije is fûgelgryp fêststeld. Likernôch 177.000 fleispiken fan it bedriuw wurde romme om fersprieding fan it firus foar te kommen. 45.000 fleispiken fan in bedriuw hûndert meter fierderop wurde út foarsoarch ek romme. De bedriuwen binne fan deselde eigner.

Foto: pixabay.com
By trije oare bedriuwen yn in straal fan trije kilometer om de besmette lokaasjes yn Blije hinne wurde meunsters ôfnommen om te sjen oft dêr ek fûgelgryp hearsket. Yn in straal fan tsien kilometer om it bedriuw hinne jildt in ferfierferbod fan fûgels en aaien foar plomfeebedriuwen. Tsien plomfeebedriuwen hawwe dêrmei te krijen. De NVWA ûndersiket oft meiwurkers of besikers fan it besmette bedriuw yn Blije mei oare plomfeebedriuwen yn kontakt west ha.
Europa hat te krijen mei de swierste fûgelgrypútbraak ea. It firus wurdt op it stuit yn hiel Europa oantroffen. Yn Nederlân is sûnt ein oktober in lanlike ophok- en ôfskermplicht fan krêft fanwege de fûgelgryp.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje