Fryslân siket mear Europeeske gearwurking op wei nei in sirkulêre takomst

jannewaris 14, 2022 08:39

Yn Fryslân wurdt al langer gearwurke oan de transysje nei in sirkulêre ekonomy. Dat bart ek yn gearwurking mei oare Europeeske regio’s. Koartlyn is út de Poalske regio Łódźkie wei in nij Europeesk projekt úteinset mei de namme ‘Frontsh1p’. Dat projekt is finansiere troch de Green Deal fan de Europeeske Uny en rjochtet him op regionale sirkulêre ekonomy. Fryslân wurdt dêryn sjoen as foarbyldregio.

Frontsh1p (boarne: Provinsje Fryslân)

Deputearre Friso Douwstra: “Frontsh1p is in projekt dat in treflike wurdearring fan Europa krigen hat. It is foar my in eare dat Fryslân dêr ek by belutsen rekke is. Wy wikselje ideeën en ûnderfiningen út en wurkje mei-inoar fierder oan in leefbere takomst.”

Bart Volkers, projektmanager fan de Vereniging Circulair Friesland (VCF ): “Us rol yn dit prestizjeuze projekt lit sjen dat wy Europeesk koprinner binne op it mêd fan sirkulêre ekonomy. Fansels helpe wy dêrom ek oare regio’s en sjogge wy hoe’t wy ús bedriuwen en kennisynstellings ferbine kinne.”

Oer Frontsh1p
Frontsh1p is opset troch de regio Łódźkie yn Poalen. It doel fan it projekt is om de transysje nei in sirkulêre ekonomy te ferhastigjen troch út hiel Europa ferskillende technologyske en sosjale ynnovaasjes oan te dragen. Yn totaal dogge der 34 partners oan mei. Dat binne bedriuwen, universiteiten, net-oerheidsorganisaasjes en regionale oerheden. De provinsje Fryslân en de Vereniging Circulair Friesland (VCF) nimme der ek oan diel. Fryslân is frege om mei te dwaan as koprinner yn de wrâldwide sirkulêre ekonomy. Fryslân wurdt sjoen as in gids foar Łódźkie en oare Europeeske regio’s en begeliedt harren by de ûntwikkeling fan in sirkulêre ekonomy. In moaie erkenning fan ús posysje yn Europa.

Europeesk budzjet foar Fryslân
De provinsje Fryslân en VCF hawwe finansjele stipe fan de Europeeske Kommisje foar dit projekt krigen. Neist in rol as coach foar oare regio’s sil Fryslân yn ’e mande mei de VCF sirkulêre bedriuwen yn de keunststofstring en fergelykbere sektoaren helpe. Dat giet ûnder oare om de ûntwikkeling fan ûnderwiis- en trainingsprogramma’s en de organisaasje fan in ynternasjonaal kongres.

Mear ynformaasje is hjir te finen: www.frontsh1p.eu.

jannewaris 14, 2022 08:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.