Fryske Keamerleden wolle ein oan efterstelling Frysk

jannewaris 13, 2022 16:15
De Twadde Keamer (foto: Wikipedia/Husky – CC BY 4.0)

Wat de nije Nederlânske ministers foar minsken binne, is net allinne yn it Nederlânsk op websteeën fan de Ryksoerheid te finen, mar ek yn it Papiamintsk, Nederlânske Gebeartetaal, Ingelsk, Frânsk en Dútsk. Untbrekt dêr net in taal?

Ja, seine Romke de Jong en Tjeerd de Groot, Fryske Keamerleden foar D66. Hja hawwe de nije minister fan ynlânske saken Hanke Bruins Slot frege wêrom’t it Frysk der net by stie. Dy is ek de minister dy’t oer it Ryksbelied foar it Frysk giet, mar dat stiet net yn it dossier dêr’t syn taken yn beskreaun steane. Dat is De Jong en De Groot ek net nei ‘t sin en hja hawwe de minister frege wat de reden is.

Fierder wolle hja witte wêrom’t de websteeën fan de oerheid wol yn bûtenlânske talen oerset binne, mar net yn it Frysk. Hja freegje de minister boppedat om in Frysktalich antwurd op harren fragen – dy’t ek yn it Frysk steld binne. De fragen steane hjirûnder:

jannewaris 13, 2022 16:15
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. sybren jannewaris 13, 16:46

    Wa hie dat ea tinke kinnen, D66’ers dy’t har ynsette foar it Frysk!

  2. Tom Dykstra jannewaris 19, 11:19

    Better let as net ta ynsjoch te kommen.
    Eltse (lanlike) partij soe yn in demokratyske rjochtssteat deselde fragen stelle moatte. It heart om minsken te gean.
    No is it ôfwachtsjen wat de taseine nije bestjoerskultuer opsmyt.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.