Fryske famkes kieze faker foar bêtafakken
Resint ferskynd
Yn Fryslân dogge hieltyd mear famkes eineksamen yn in bêtaprofyl. Yn 2021 hie 23,4% fan de froulike eineksamenkandidaten in technysk fakkepakket mei natuerkunde, skiekunde of technyk. Dat is mear as fiif jier earder. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan online opliedingsynstitút Laudius nei de profylkar ûnder eineksamenkandidaten, op basis fan de resintste DUO-data.

Foto: pixabay.com
Kar foar bêtaprofyl naam yn Fryslân ta
Yn Fryslân gie it oandiel famkes mei in bêtaprofyl omheech fan 18,2% yn 2016 nei 23,4% yn 2021. By de jonges naam de ynteresse yn technyske fakken ek ta, mar wol minder sterk, nammentlik fan 33,2% nei 37,9% ferline jier.
Dat goed ien op de fiif Fryske famkes in bêtaprofyl kiest, is leger as de lanlike trochsneed fan 27,4%. De provinsje Utert hat it grutste oandiel famkes yn bêtaklassen (32,8%).
Measte bêtafamkes yn Harns
Yn de gemeente Harns keazen famkes it faakst foar in bêtafakkepakket yn 2021. Dêr hie 36,1% fan alle froulike lêstejiers in technysk profyl. Yn Eaststellingwerf (29,9%) en de gemeente Ljouwert (27,3%) wiene ek relatyf in protte bêtafamkes yn ferliking mei de oare gemeenten yn Fryslân.
Yn Utert grutste groei bêtakar
Fan de fiifentweintich Nederlânske gemeenten mei de measte eineksamenkandidaten, naam tusken 2016 en 2021 yn de gemeente Utert it tal famkes mei in bêtaprofyl it meast ta (+59,3%). De gemeenten De Haach (+42,9%), Rotterdam (+39,1%) en Alkmaar (+39,1%) seagen yn fiif jier tiid ek in protte famkes nei in bêtaprofyl streamen.
Hoe’t dat yn de ûnderskate oare gemeenten ferrûn is te finen op: www.laudius.nl/onderzoek-profielkeuze-in-betavakken.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje