Fryske bern krije oare foarnammen as Nederlânske

jannewaris 7, 2022 14:39
Foto: Unsplash

Fryslân hat altyd al syn eigen nammen hân. In Tjalling of in Beitske sil men bûten Fryslân net sa gau fine, of sa’n ien moat al Fryske woartels hawwe. Neffens in oersjoch fan de sosjale fersekeringsbank SVB krije bern ynFryslân hjoed de dei noch hieltiten oare nammen as bern yn oare Nederlânske provinsjes.

Lieke stie yn 2021 yn Nederlân op plak 21 en yn Fryslân op plak 1 by de famkes. Silke is yn Fryslân nûmer 2 en komt yn Nederlân net ienris yn de top-100. Op nûmer 3 stiet yn Fryslân Fenna, dat yn Nederlân op nûmer 40 stiet.

Jurre wie yn Fryslân nûmer 1 by de jonges en yn Nederlân pas nûmer 53. De Fryske nûmer 2 is Hidde, dat yn Nederlân op plak 61 stiet. De Fryske nûmer 3, Daan, is yn Nederlân wol populêr, dêr is it nûmer 4.

“Friesland springt er echt uit”, seit nammekundige Gerrit Bloothooft. “In de andere privincies zie je geen relevante verschillen.” Fryske bern krije faak nammen dy’t yn Fryslân al lang yn gebrûk binne, net selden al hûnderten jierren. Guon dêrfan binne bûten Fryslân ek populêr wurden. Bloothooft neamt Jurre as foarbyld. In jiermannich lyn wie itselde mei Jelle en Nynke it gefal, mar dy nammen binne bûten Fryslân no net sa populêr mear.

Bloothooft fertelt dat minsken yn oare Nederlânske provinsjes foar nammen net mear weromgripe nei de tradysje. Hy seit: “Elke generatie wil nieuwe namen voor de kinderen. Ouders willen de namen van hun generatie niet doorgeven aan hun kinderen. Ze kiezen niet voor een oude naam, omdat die meer geassocieerd wordt met ouders en grootouders dan met de nieuwe tijd. Het komt zelden voor dat namen lange tijd populair blijven.”

De populêrste foarnammen fan bern dy’t ferline jier berne binne:

jannewaris 7, 2022 14:39
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Wopke Hugo van der Wal jannewaris 9, 23:10

    Lang-wie-ik-net-sa-hiele-blyd-mei-de-foar-namme-fan-
    myn-pake-WOPKE-
    alles-riemde-er-op
    Myn-mem-hie-doe-sein-hie-moat-ek-mar-HUGO-hjitte
    Doe-wie-it-dochs-ek-nog-WOPKE-HUGO-wurden
    Mei-as-efter-namme-Van-Der-Wal
    Nou-wurde-sokke-foar-nammen-nog-wol-brukt-foar-
    it-hynsten-stamoek-en-sa-
    mar-tsjinwurdig-docht-dochs-blyken-dat-die-Wopke-s
    best-mei-dwaan-kinne-
    Want-alle-trije-nammen-dogge-mei-yn-it-nije-KABINET
    Sawol-WOPKE-HUGO-en-Van-Der-Wal

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.