Bywurke: Yoga by it Frysk Museum

jannewaris 18, 2022 08:46

De sportlokaasjes binne wer iepen, der mei flanearre wurde op meubelboulevars en de winkelstrjitten streame wer fol. Spitigernôch foar de musea bliuwt de boumerk fan de geast ticht. Op woansdei 19 jannewaris wurdt it Frysk Museum dêrom foar ien kear ta yogastudio omboud. Yn gearwurking mei Club Yoga yn Ljouwert lient it Frysk Museum syn lokaasje foar in kreative yogasesje út. Dat bart – sa’t dat yn de kultuersektor wenst is – folslein feilich en mei achtslaan op de maatregels foar binnensportlokaasjes.

Keunst en yoga binne tige gaadlik om de geastlike sûnens in oppepper te jaan. It Frysk Museum wurket dêrom foar ien kear mei Club Yoga gear foar in yogasesje tusken de keunst. By de yogales is der beheind plak, de dielnimmers wurde troch Club Yoga útnûge. It is net mooglik jin op de dei sels of fia it museum oan te melden. It museum hopet gau de doarren wer iepenje te kinnen (foar sawol yogys as net-yogys).

Museumgym
Mei de yogastudio wol it Frysk Museum foar ien kear op in ludike wize oanslute by it lanlik inisjatyf fan de Museumferiening: Museumgym. It Frysk Museum is solidêr mei elkenien dy’t troch de sluting swier troffen is. It wiist derop dat Nederlânske kulturele ynstellingen by de feilichste besyklokaasjes yn de koroanakrisis hearre. Mei dêrom fynt it dat musea, krekt as kommersjele trochstreamlokaasjes, ek wer op in feilige en ferantwurde wize besikers ferwolkomje kinne moat.

Mear ynformaasje is te finen op www.friesmuseum.nl.

Bywurke woansdei 19 jannewaris: Nei in petear mei boargemaster Buma fan Ljouwert, hat it Frysk Museum besletten om de yogasesje op it plein foar it museum te hâlden. Minsken dy’t meidwaan wolle, moatte har eigen yogamatsje en handoek meinimme. De yoga begjint om 14.00 oere.

Foto: Club Yoga

jannewaris 18, 2022 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.