‘Frisia meets Anglia’, grinsferlizzend, muzikaal moetsjend

jannewaris 12, 2022 08:47 Fernijd

It Frysk Fanfare Orkest fynt it weardefol om de HaFaBra-sektor en Fryslân yn ’e kunde komme te litten mei in bysûnder projekt. Frisia meets Anglia is in nij projekt, ûntstien út it projekt ‘ynternasjonale gearwurking Canterbury Festival en om Londen hinne 2019’.

Frisia meets Anglia is in gearwurkingsprojekt fan in Frysk orkest, koaren út Boalsert, in Fryske soliste fan ynternasjonale alluere, Ingelske solisten, in 19-jierrige talintearre Fryske komponist, Nederlânske komponisten en in Ingelske komponist fan ynternasjonale alluere. Dy partijen geane in aktive en fernijende gearwurking mei-inoar oan. Wurken fan Nederlânske en Ingelske komponisten geane op 12 febrewaris 2022 yn premjêre (Nederlânske en Wrâldpremjêre) yn ’e Martinitsjerke yn Boalsert. Dêr is ek wurk by oer de Alvestêdetocht (De hel fan ’63) fan Hendrik de Boer, in premjêre fan jong komposysjetalint Pieter Huizenga, foaroprinned komponist John Harle en in nij wurk fan Nederlânske komponisten Leon Vliex en Tim Verstegen.

Der wurdt spile mei de romtlike effekten fan de akoestyk en in opstelling dêr’t de koroanamaatregel fan oardel meter ôfstân yn stee fan in beheinend, in ynnovatyf effekt by hat.

Gysbert Japicx

Gysbert Japicx en Gabrieli
It wurk fan John Harle, The Keys of Canterbury, is basearre op it drama fan de moard op Saint Thomas a Becket, aartsbiskop fan Canterbury, yn Canterbury Cathedral yn 1170. Dat drama ferbyldet Harle troch tsjinstelde muzikale en dramatyske eleminten. De moard op Thomas a Becket is in histoarysk elememint yn dy komposysje, dêrneist is de komposysje basearre op Gabrieli’s mearkoarichheid. Gabrieli jildt as de grutste Fenisjaansje komponist yn de lette renêssânse, ien fan de wichtichste musisy út syn tiid en in skoalfoarbyld fan de feroarjende tiidgeast, dy’t it begjin ynlate fan in nij tiidrek, de barok.

Gysbert Japicx brûkte de Fryske taal foar syn lieten en gedichten. Hy blonk út yn dichterlik talint (klankgefoelichheid, muzikaliteit, útdrukkingsfeardichheid en byldzjende krêft) en is úteinlik de grûnlizzer fan de skreaune Fryske taal wurden, sa’t wy dy no noch kenne. De dichter libbe op ’e grins fan twa tiidrekken: renêssânse en barok. Ut syn wurk sprekt in grut fakmanskip dat tekene wurdt troch in libbene útdrukking en in grut Godsbesef.

Begjin 2020 is in gearwurking ûntstien tusken it Frysk Fanfare Orkest en de Gysbert Japicx Holckema Stichting. Dy stifting hat ta doel om de Fryske taal yn eare te hâlden en it ferhaal en it wurk fan Gysbert Japicx libben te hâlden. De gearwurking laat ta it bondeljen fan krêften en fersterket de promoasje troch gebrûk te meitsjen fan inoars pr-middels en sosjale media. Op dy wize wurdt by de efterban fan beide omtinken frege foar takomstige projekten fan beide organisaasjes.

Iepenstelling Gysbert Japicxhûs
Ofpraat is dat it Gysbert Japicxhûs foarôfgeand oan it konsert iepensteld wurde sil. Yn de Martinitsjerke sil ek omtinken jûn wurde oan de persoan Gysbert Japicx, mei literêr materiaal of yn de foarm fan in útstalling. Op toan sette gedichten fan Gysbert Japicx wurde digitaal beskikber steld troch de stifting. By de útfiering wurde dy digitale bestannen mei orizjinele teksten en bypassend byld op fideoskermen yn de tsjerke toand. De útfiering wurdt stipe troch in twatalich programmaboekje (Frysk-Ingels). De Gysbert Japicx Holckema Stichting nimt de Fryske oersetting foar syn rekken.’

It projekt, dêr’t de histoaryske komponinten troch it Frysk Fanfare Orkest en de ferskate maatskiplike en muzikale partners en komponinten yn bynioar brocht wurde, slút goed oan by de programmearring fan de Gysbert Japicx Holckema Stichting yn 2021, yn ’e oanrin nei it projekt. Yn it teken fan de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis en troch de Gysbert Japicx Holckema Stichting wurde jierliks aktiviteiten organisearre dy’t kwa tema en tiidsplanning tige passend binne by it projekt Frisia meets Anglia.

jannewaris 12, 2022 08:47 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.