Frije ynrin foar oppepprip op alle Fryske faksinaasjelokaasjes

jannewaris 12, 2022 09:07

Yn hiel Fryslân is it mei yngong fan hjoed, 12 jannewaris 12.00 oere mooglik om in ekstra prip (oppepfaksinaasje) te heljen sûnder fan tefoaren in ôfspraak te meitsjen. Earder jilde de frije ynrin foar de ekstra prip inkeld noch foar de XXL-lokaasje WTC yn Ljouwert en de faksinaasjelokaasje yn Drachten.

Foto: GGD Fryslân

Betingst foar it heljen fan de oppepprip is wol dat de lêste koroanafaksinaasje op syn minst trije moanne lyn wie of dat men minimaal trije moanne lyn fan in koroanabesmetting genêzen is. De frije ynrin jildt inkeld foar minsken fan achttjin jier en âlder. De Fryske GGD-lokaasjes binne yn Dokkum, Snits, op it Hearrenfean, yn Drachten en Ljouwert. De adressen en iepeningstiden ferskille de lokaasje en stean op de webside fan GGD Fryslân. Frije ynrin is mooglik oant in oere foar slutingstiid. It kin wêze dat minsken efkes wachtsje moatte.

Ofspraak ôfsizze net nedich
De frije ynrin jildt net aillinne foar de oppepprip, mar ek foar de earste of twadde prip. Wa’t al in ôfspraak stean hat, kin dêr gebrûk fan meitsje op de ôfsprutsen lokaasje. Wa’t dochs leaver fan de frije ynrin gebrûk meitsje wol, hoecht de âlde ôfspraak net om te boeken of ôf te sizzen. De âlde ôfspraak wurdt nammentlik op de priplokaasje út it systeem helle.

jannewaris 12, 2022 09:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.