Fjirde printinge ‘We strûpe derûnder!’

jannewaris 21, 2022 08:37

Boarne: Utjouwerij Louise/Gjalt de Groot

Sûnt sneon 14 jannewaris 2022 is We strûpe derûnder wer te keap yn de Fryske boekhannels. Fan dizze Frysktalige roman fan fjildman Gjalt de Groot binne no al mear as 1.400 stiks ferkocht! Dêr is it de bêst ferkochte Fryske roman fan 2020 en 2021 mei.

Eddy van der Noord fan útjouwerij Louise oer it sukses fan dizze roman: “Gjalt de Groot is in folksskriuwer lykas Rink van der Velde wie. Hy nimt de lêzer mei en lit jo omswalkje yn it gebiet fan de Alde Feanen. Elts kin him of har werkenne yn dit gebiet. Ik ken hast gjin tagonkliker skriuwer as Gjalt.”

As by’t hjerst de fûle súdwesterstoarmen it wetter út it marregebiet nei de Lege Midden fan Fryslân opwaaiden en it om Grou, Warten en Earnewâld hinne heger en heger kaam, dan waard it ien grutte striid om boppe te bliuwen. It bûtenwetter rûn oer de polderdykjes en de binnenkrytsjes drigen fol te rinnen.

Gjalt de Groot, fjildman en folksskriuwer, opgroeid yn dat wetterlân, skriuwt oer dy striid en oer it libben fan de minsken dy’t dêr fier efterôf wennen op harren buorkerijen mei legindaryske nammen as Luctor et Emergo, Laban, Cuba, Werklust (18-mêd) en de Koaipleats. En fansels oer Sytze en Maaike. Allegear steeën dêr’t allinne mei de boat te kommen wie.

jannewaris 21, 2022 08:37
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Gauke jannewaris 21, 13:00

    Binne de ferkeapsifers fan Fryske boeken earne yn te sjin?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.