Fjirde koroanaprip jout ymmúnsysteem ûnbidigen slinger

jannewaris 4, 2022 16:34
Foto: pixabay.com

Net twa, net trije, mar fjouwer prippen – dat jout it ymmúnsysteem pas in slinger. Wa’t fjouwer ynintings tsjin it koroanafirus krige hat, hat fiif kear safolle antystoffen yn it bloed as wa’t trije hân hat. Dat docht neffens de Israelyske oerheid bliken út nij ûndersyk.

Yn Israel hawwe meiwurkers fan in sikehûs ein desimber in fjirde prip krige. Alle ynwenners fan sechtich jier en âlder kinne der de kommende tiid sa’n twa opfrissers helje.

Undersyk hat sjen litten dat de beskerming fan de tredde prip fluch ôfnimt. Undersikers slute net út dat der in maksimum sit oan it tal ynintings dat doel hat, mei’t it ymmúnsysteem ek ophâlde kin mei reagearjen op ‘e prippen. It is ek noch net dúdlik hoe goed oft de fjirde prip minsken beskermet tsjin it omikronskaai fan it koroanafirus.

jannewaris 4, 2022 16:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.