Finansiering foar ûntwikkeling lokale duorsume enerzjy-inisjativen

jannewaris 28, 2022 09:36

Om de ûntwikkeling fan lokale duorsume enerzjyproduksje te stimulearjen, hat de provinsje de ûntwikkelfinansiering LEI-Fryslân (Lokale Enerzjy Inisjativen) opset. Dêrmei kinne enerzjykoöperaasjes yn de ûntwikkelfaze fan harren projekt stipe krije. It giet om projekten op it mêd fan sinne- en wynenerzjy, opslach, biomassa, waarmte of in kombinaasje dêrfan, dy’t harren heine omkriten meiprofitearje litte fan de opbringsten. Foar de finansiering is mei-inoar trije miljoen euro beskikber en finansiering rint fia it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy (FSFE).

Foto: Provinsje Fryslân

Goede ideeën foar lokale, duorsume enerzjyprojekten rinne faak yn de begjinfaze fan it projekt fêst. De inisjatyfnimmers beskikke faak net oer it jild om spesjalistyske ûndersiken út te fieren of oare wichtige stappen te meitsjen om te kommen ta in fergunning en in te finansierjen business case foar it projekt. Dêr kinne dy inisjativen faak net foar by de bank terjochte. Dêrom begjint de provinsje Fryslân, yn ‘e mande mei it FSFE en Us Koöperaasje, mei in ûntwikkelfinansiering foar lokale enerzjy inisjativen (LEI).

Gearwurking
‘Us Koöperaasje’ oerkoepelet sa’n sechtich Fryske, lokale enerzjykoöperaasjes. De koepel kin lokale inisjativen sinjalearje en dy begeliede yn it proses om te kommen ta mooglike en foar de omkriten rendearjende enerzjyprojekten. It Fûns Skjinne Fryske Enerzjy (FSFE) stelt risikodragend kapitaal beskikber foar enerzjyprojekten en kin, as bliken docht dat it mooglik is, de ûntwikkeling fan projekten meifinansierje.

Bestjoersakkoart
De realisaasje fan it ûntwikkelfûns is ien fan de resultaten út it bestjoersakkoart ‘Lok op 1’.
“De enerzjytransysje is kânsleas sûnder maatskiplik draachflak. Ik bin bliid te sjen dat dit yn Fryslân faak aktyf oppakt wurdt. Fryslân is unyk yn it fan ûnderenop kreëarjen fan duorsume enerzjyproduksje. Enerzjykoöperaasjes en oaren rinne soms tsjin problemen oan by it ûntwikkeljen fan in grut inisjatyf ta in echte business case. Wy slute oan by de sterke kant fan Fryslân troch inisjatyfnimmers dêrby te stypjen,” neffens enerzjydeputearre Sietske Poepjes.

Mear ynformaasje fine jo op: fsfe.frl/lei-fryslan.

jannewaris 28, 2022 09:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.