Fiergeande fersoepelings yn Ingelân

jannewaris 19, 2022 16:19
Foto: pixabay.com

Yn Ingelân is it dreechste benefter wat it omikron-skaai oanbelanget. It regear kin de leie wer bongelje litte en der kinne soepeler ynsettings komme. Dat hat foarste minister Boris Johnson woansdei buorkundich makke. Hy malket alsa syn Skotske amtsgenoatske Nicola Sturgeon nei. Hja die juster al te witten dat der fersoepelings op kommendewei wiene.

De mylderings fiemje wiid: mûlkapkes binne fan 27 jannewaris ôf net langer nedich, testbewizen likemin. Wol moatte minsken by wa’t it firus stave woarn is, ynearsten noch yn karantêne gean. Johson seit lykwols dat dy ferplichting sa lang net lette sil. Syn regear wol skielk fan alle beheinings ôf en fier tenei in oarsoartich belied.

Op it heden rekommandearret it Britske regear de ljuwe noch om thús oan it wurk as it heal kin, mar dy rie wurdt tenei ek net mear jûn. Dy’t wer nei kantoar ta wol, moat dat dwaan kinne.

De wrâld leit der op ‘e Britske eilannen gâns oars hinne as in wike lyn. Doe waard alle dagen by likernôch 170 tûzen minsken it koroanafirus ûntdutsen. Wilens binne dat mar 90 tûzen mear. Dat is noch altiten in soad, mar de sikehuzen kinne it wol bolwurkje. Dat komt mei trochdat elkenien wakker hurd in tredde prip krije koe.

Johson warskôge de befolking al dat net ien tinke moat dat de goarre te’n ein is. “It omikron-skaai skikt it net mei elkenien, benammen net mei sokken dy’t net yninte binne.”

jannewaris 19, 2022 16:19
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. L jannewaris 20, 08:59

    Geef en moai Frysk

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.