Fertel oer jim hobby
Resint ferskynd

Waadrinne is in hobby dêr’t omtinken oan jûn wurdt yn DE NIJE dy’t op it heden yn de winkels leit. Foto: Harry Feenstra
Yn it maartnûmer fan DE NIJE wol de redaksje omtinken jaan oan hobbys. Elkenien dy’t in bysûndere leafhawwerij hat, of in hiele gewoane mei in opmerklik ferhaal, wurdt útnûge om dêr in stikje fan 250 oant 500 wurden oer te skriuwen, yn it Frysk of ien fan de Fryske streektalen, en foar 15 jannewaris op te stjoeren nei: denije@itnijs.nl. De nijsgjirrichste ferhalen komme yn de folgjende jefte fan DE NIJE. Op It Nijs is romte foar in bredere seleksje.
DE NIJE is te krijen yn boekwinkel, kiosk en bettere supermerk!
Sjoch hjir foar ynformaasje oer de ynhâld fan it nûmer dat op it stuit te krijen is.
Alde jeften binne te besjen op Startside.frl.
Klik hjir foar in abonnemint.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje