Feie Fonyk oer de findeldrager fan Rembrandt

jannewaris 21, 2022 19:45

Kollum

Rembrandt van Rijn, De vaandeldrager. Publyk domein

In foto of kopy op wiere grutte hie goedkeaper west, mar ús regear hat yn (heal)wysheid oars besletten. De famylje Rothschild hoecht no net nei de fiedselbank.

Yn 1634 troude Rembrandt mei Saskia Uylenburgh, dochter fan de boargemaster fan Ljouwert. Se waard berne begjin augustus 1612 yn in hûs oan de Ossekop 12. Op har tolfde waard se wees. Rembrandt learde Saskia wierskynlik kennen by har neef Hendrick Uylenburgh yn Amsterdam, dy’t dêr in keunsthannel hie. Twa jier letter skildere Rembrandt ‘De vaandeldrager’, it skilderij dat de lêste tiid sa yn it nijs wie.

It skilderij komt no definityf nei Nederlân, it wie hjir in pear jier lyn al te sjen. De steat draagt 150 miljoen by oan de totale kosten fan 175 miljoen. Wa wit hat de famylje Rothschild út Paris it jild nedich, omdat dy oars nei omrinwinkels en de fiedselbank moat.

Neffens saakkundigen is it in topstik dat net ûntbrekke mei yn de kolleksje fan it Rijksmuseum. Ik lies yn de Leeuwarder Courant dat it eigenlik yn it Fries Museum ophongen wurde moat, want wêrom moat alles altyd nei de Rânestêd. Dy skildere it ommers yn de tiid dat er mei syn Saskia wenne, dy’t al yn 1642 ferstoar. Fan harren fjouwer bern, oerlibbe allinne Titus. Soks set ús hjoeddeiske gekrimmenear oer koroana yn in oar ljocht.

Der wie in soad krityk op de oankeap. It regear is oer it generaal net royaal as it om útjeften foar keunst giet en yn dizze koroanatiid is der net ien te finen dy’t begrypt wêrom Ikea wol iepen is, mar it Fries Museum net, om mar in foarbyld te neamen. Dat hat der neat mei te krijen, útsein gefoelsmjittich.

It regear hie beslute kinnen om in Sineesk bedriuw te freegjen om in kopy te skilderjen. Kinst tsjintwurdich in hânskildere ‘Meisje met de parel’ al foar in lytse 400 euro yn de keamer hawwe. Der wie grif wol in Sinees te finen dy’t ‘De vaandeldrager’ neiskilderje koe, lit ús sizze foar fjouwer tûzen euro.

Dat neiskilderjen en kopiearjen jout mooglikheden. Wy hawwe jierren lyn yn it Brits museum ris it byldsje fan in Egyptyske kat kocht. Sa kin ek it probleem fan de rôfkeunst út de koloniale tiid foar in part oplost wurde. Joust it orizjineel werom, hâldst sels in kopy. Dat sil der wol net fan komme.

jannewaris 21, 2022 19:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.