Faksinaasje foar 50-plussers ferplichte yn Italië

jannewaris 6, 2022 10:40

It Italiaanske regear hat unanym besletten om faksinaasje foar elkenien fan fyftich jier en âlder ferplichte te stellen. De ferplichting jildt fuortdaliks en foarearst oant 15 juny, berjochtsje Italiaanske media.

Foto: pixabay.com

Mei de maatregel wol it regear de druk op sikehuzen ferminderje en stjerte troch koroana beheine. Hjoed registrearren de Italiaanske sûnensautoriteiten in rekôroantal fan goed 189.000 positive koroanatesten.

Der jildt al in faksinaasjeplicht foar leararen en soarchmeiwurkers. Sûnt oktober moasten alle wurkjende minsken yninte of genêzen wêze of in negative test sjen litte kinne, ek wol 3G neamd. Dy regels binne hjoed fierder oanskerpe foar fyftichplussers. Dy meie allinnich noch opi it wurk komme as se faksinearre binne.

“Wy wolle de groei fan de besmettingskurve ôfremje en de Italianen dy’t noch net faksinearre binne, oantrúnje om dat te dwaan. Wy gripe foaral yn by âldensgroepen dy’t it measte risiko op sikehûsopname rinne, om de druk op sikehuzen te ferminderjen en libbens te rêden”, sei premier Mario Draghi.

Italië is ien fan de pear lannen yn Europa dy’t ta faksinaasjeplicht oergean. Earder die Eastenryk dat, fan febrewaris ôf moat dêr elkenien fan fjirtjin jier en âlder yninte wêze. Yn Grikelân jildt dat fan 16 jannewaris ôf foar sechtichplussers.

jannewaris 6, 2022 10:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.