Earste Kultuerjûn fan 2022 mei skriuwster Marijke Huisman
Resint ferskynd
It Kultuerkollektyf Ljouwert stelt Marijke Huisman graach foar. Yn de twadde wike fan de krystfakânsje hat sy by it Kultuerkollektyf yn residinsje west. Dêr is se oan ’e slach gien mei de folgjende útdaging: betink in presintaasje dy’t koroanaferantwurde is. Hja is oan ’e slach gien mei it tema ‘As de wrâld hjoed einigje soe, dan komst dochs del?’

Boarne: Kultuerkollektyf
Marijke Huisman omskriuwt har wurk sa: “Guon minsken sliepe nachts, ik skriuw leaver. De nacht jout my de rêst en romte om myn tinzen los te litten en dy op te skriuwen. Tema’s as it libben, relaasjes, eangsten en ûnwissichheden lykas ik dy om my hinne belibje, komme oan bod. Mei as doel om it publyk efter te litten mei eat om oer nei te tinken. Ik wurkje mei de tema’s ‘de nacht’ en ‘it sublime’.
Kultuerjûn
Fan tongersdei 27 jannewaris ôf wurde der trije etalaazjes ynrjochte mei elk in eigen telefoannûmer dy’t men belje kin. De startlokaasje fan de presintaasje is by Neushoorn. Tusken 20.00 en 21.30 kin men de rûte dêr begjinne. Fan dat punt ôf wurdt men op paad stjoerd nei de oare etalaazjes.
Sjoch foar mear ynformaasje op: www.kultuerkollektyf.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje