Doutzen Kroes hâldt op mei modellewurk

jannewaris 29, 2022 09:45

Doutzen Kroes (37) hat in punt efter har modellekarriêre set. Dat seit se yn in podcast fan Isa Kriens op Instagram.

Doutzen Kroes yn Cannes (2015) (boarne: Wikipedy/Georges Biard – CC BY-SA 3.0)

“Ik seach dat ik eins alles haw”, fertelt Kroes. “In moaie húshâlding, sûne bern, leuke man en allegear leave minsken om my hinne. Wêrom doch ik eins wat ik doch en wat binne myn beweechredenen, frege ik my ôf.”

Neffens frou Kroes is de modellewrâld “korrupt”. “Ik haw yn lannen west dêr’t minsken neat hawwe. Ik haw my altyd ynset foar ûngelikensens en wol sá graach dat de wrâld earlik ferdield is. Op in stuit ûntdekst dat it faaks wol kin, mar dat it miskien sa yn stân holden wurdt. Doe tocht ik: lit alles mar gewoan sitte. Ik wol dit wurk ek hielendal net mear dwaan. Ik wol net mear oan al dy korrupsje bydrage. Ik wol net mear foar merken wurkje dêr’t ik net hielendal efter stean. Al jierren net. Dochst it iene korrupte ding nei it oare. Ik wol allinnich noch mar suver wêze.”

Doutzen Kroes naam it beslút in healoere nei’t se ferline jier in berjocht op Instagram set hie, dêr’t se kritysk yn wie oer it koroanabelied op dat momint. Se is net hielendal wis oft dit in definityf ein fan har karriêre is. “Miskien is it in skoft, mar miskien is it ek wol myn pensjoen. Faaks sil ik nea wer begjinne, wa wit.”

Sjoch ek Doutzen Kroes har Instagram-akkount.

Lês ek dit berjocht fan It Nijs fan 3 desimber 2021.

jannewaris 29, 2022 09:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.