Dossier Wrâlderfgoed Keninklik Eise Eisinga Planetarium yntsjinne by Unesco yn Parys

jannewaris 20, 2022 08:51

Tiisdei hat de permaninte fertsjintwurdiger fan de Nederlânske steat, drs. Hans Wesseling, oan de Unesco yn Parys it Wrâlderfgoeddossier fan it Keninklik Eise Eisinga Planetarium oerlange. It dossier waard yn ûntfangst nommen troch de nije direkteur World Heritage Centre fan de Unesco, Lazare Eloundou.

Boarne: Gemeente Waadhoeke

Boarne: Eise Eisinga Planetarium

Mei it yntsjinjen fan it dossier is de lêste stap set op wei nei de Wrâlderfgoedstatus fan it Planetarium. Nei in oriïntearjende faze fan 2003 ôf waard yn 2010 it Planetarium opnommen op de foarriedige list fan Wrâlderfgoed en sûnt is hurd wurke oan it nominaasjedossier. Yn ’e rin fan 2022 sil it Planetarium besite wurde troch in kontrôlekommisje út namme fan Unesco. Yn july 2023 wurdt it beslút fan it Unesco Heritage Committee ferwachte oft it Planetarium op ’e Wrâlderfgoedlist byskreaun wurdt.

By it oerlangjen fan it dossier wiene oanwêzich: Cees van Rooijen, koördinator Wrâlderfgoed fan de Rykstsjinst Kultureel Erfgoed, boargemaster Marga Waanders fan de gemeente Waadhoeke, bestjoerslid Jenny Schoute-Dirkx, projektlieder Hildebrand de Boer en Adrie Warmenhoven, direkteur fan it Planetarium.

It Keninklik Eise Eisinga Planetarium is it âldst wurkjende planetarium op ’e wrâld. Dat noch hieltyd krekt wurkjende model fan út sinnestelsel is tusken 1774 en 1781 makke troch de Fryske wolfabrikant en sakeman Eise Eisinga. It planetarium jout hieltyd in aktueel en realistyske byld fan de posysjes fan de sinne, de moanne, de ierde en de fiif oare planeten dy’t doe bekend wiene. It meganyk bestiet út ienfâldige mar robúste ûnderdielen, lykas houten hoepels en skiven en izeren pinnen. It wurdt op yngenieuske wize oandreaun troch ien inkeld oerwurk en is ynboud yn it plafond en boppeyn it bêdstee fan in wenkeamer.

jannewaris 20, 2022 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.