Doede Wiersma: Is lulkens oarsaak fan depressiviteit?

jannewaris 30, 2022 06:51

Oertinking

In Japanske psychiater, dy’t fan oarsprong net kristen wie, fûn dat Jezus mei syn opdracht om minsken te ferjaan, de bêste bydrage levere hie ta it oplossen fan depresjes. Neffens him is lulkens de wichtichste oarsaak fan in depresje.

Der is yn ús maatskippij safolle fijannigens dy’t as in feanbrân woekeret yn konflikten, húshâldingen, buorskippen, wurksituaasjes en likegoed op skoallen en yn tsjerken. Dy net-oploste haat fret oan minsken en makket depressyf. Wat soe it goed wêze as rûnom immen wie dy’t útnûget om dingen út te praten.

Etty Hillesum. Boarne: GaHetNa (Nationaal Archief). Fotograaf net bekend,

Wat soe it goed wêze as der in ein kaam oan haatlikheden, it skriuwen fan lulke brieven, it skouderjen en útskellen. De Joadske frou Etty Hillesum woe gjin drip haat oan dizze wrâld tafoegje en woe dêrom net alle Dútsers haatsje salang’t der noch ien goede Dútser wie.
Jezus nûget út, trunet oan om de oare, dy’t om ferjouwing freget, santich kear sân kear te ferjaan. Dy getallen fan folsleinens betsjutte dat der gjin ein oan it ferjaan komt.

Mar ferjaan giet makliker as minsken foar eagen hâlde dat se sels alle dagen wer ferjouwing fan God nedich ha. God ferwachtet safolle fan minsken, dat se by Him yn ’e skuld steane. Hy ferwachtet dat minsken de neiste like leaf ha as harsels, dat minsken inoar wrâldwiid as susters en bruorren sjogge. Hy ferwachtet dat minsken de skepping meitsje ta paradys. En wat komt der fan dat alles op ’e hispel? Komt it ûnfersoenlike yn minsken hjoed-de-dei om’t se de relaasje mei God kwyt rekke binne?

Lêze Matteüs 21:21-35

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
jannewaris 30, 2022 06:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.