Doede Wiersma: Bidde

jannewaris 23, 2022 07:00 Fernijd

Oertinking

Boarne: GaHetNa (Nationaal Archief). Fotograaf net bekend,

Hoe kostlik bidden is, learde ik yn 1981 troch it lêzen fan Het verstoorde leven fan Etty Hillesum. Se neamde harsels it famke dat net op ’e knibbels koe en it dochs learde op ’e rûge kokosmatte yn de badkeamer: “Op dy matte liet ik myn triennen rinne en dat wie myn gebed; it joech my krêft foar in hiele dei.” Kear op kear skriuwt se dat se útrêst yn in gebed: “Lju dy’t sizze ‘do libbest te fûl’, witte net dat men útrêste kin yn in gebed, dat men jin tebeklûke kin yn in gebed as yn in kleastersel, en dat men dan mei nije krêft en mei opnij wûne rêst fierder giet.”

Ut har gebeden sprekt har godsbyld: “Ja, God, oan de omstannichheden lykje Jo net folle dwaan te kinnen, dy hearre no ienris by dit libben. Ik rop Jo dêrfoar net ta ferantwurding. Jo meie ús dêr letter foar ta ferantwurding roppe.”
Se wol net foar harsels bidde: “As ik bid, bid ik altyd foar oaren. Foar in oar bidde dat it him goed gean mei, fyn ik berneftich; men kin allinne bidde dat dy oare de krêft ha sil om ek it swierste te dragen. As men foar immen bidt, stjoert men dy oare wat fan jins eigen krêft.”
Yn it ‘Us Heit’ leart Jezus minsken bidden. Nei it fertrouwen oproppende ‘Us Heit yn ’e himel’, komme grutte idealen foar it libben yn breed perspektyf te stean: jo Namme, jo Ryk, jo Wil. Dêrnei wurde trije grutte neden ûnder wurden brocht: ús iten, ús skuld en ús fersiking troch it kwea.
De klimaks oan ’e ein lûkt ús op fan ’e ierde nei de himel.
Begjin en ein fan it gebed fersterkje it gefoel fan burgen-wêzen. Etty Hillesum hie it besef: Ik bin yn ’e klauwen fan nimmen; ik bin yn Gods earms.
Soe dat no krekt net de boarne wêze fan ús moed?

Lêze: Matteüs 6:5-6

jannewaris 23, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.