Do bist de muoite wurdich!

jannewaris 2, 2022 07:07 Fernijd

Oertinking

Dooptsjinsten wiene foar my feesten! Want ik wie derfan oertsjûge dat God yn dy doop tsjin it bern sei: “Myn ynleaf jonkje/famke, foar My bisto de muoite wurdich!”
Wêr hat in bern mear ferlet fan as fan befêstiging en akseptaasje? Pedagogen hâlde it ús foar dat dat fan grut belang is foar it krijen fan selsfertrouwen.
By in doop sei ik altyd dat God likefolle hâldt fan doopte as fan net-doopte bern. Wat oan it doopte bern dien en sein wurdt, is bedoeld foar alle bern. Alle bern dy’t op ierde úteinsette, soene hearre moatte: “Do bist de muoite wurdich.”
Heiten en memmen, famylje, it hiele doarp of de stêd moatte dêr tsjûgen by wêze! It soe der by harren yndruid wurde moatte dat wa’t mei ferkearde bedoelingen oan dit bern komt, oan God komt. Oars sein: Alle minsken dat dit bern moetsje, moatte it akseptearje sa’t God dat docht. De doop docht in sterk appèl op dy’t derby oanwêzich binne.

Foardat Jezus oan syn swiere taak begjint, belibbet Er yn ’e doop de befêstiging en akseptaasje troch syn himelske Heit. It wie foar Him as gong de himel iepen en kaam de Geast fan God as in do op Him del. Dúdlik hearde Er God sizzen: “Myn soan, myn ynleave jonge, dêr’t Ik sa wiis mei bin.”
Wat Jezus yn de liturgy fan ’e doop belibbet, is bedoeld foar alle minskebern. Jezus is de earste ûnder syn geliken!
Yn prinsipe meie alle minsken libje mei Gods wyn yn ’e rêch. Mei syn Geast as ynspiraasje en syn Wurd as befêstiging. As de minsken mar wolle wat God wol!

Lêze: Matteüs 3:13-17

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan
€ 19,50. (
boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
jannewaris 2, 2022 07:07 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.