Dêrom ferstjoere guon manlju foto’s fan ‘e kul

jannewaris 26, 2022 19:29

Wat bekrûpt guon manlju dat se oaren samar foto’s tastjoere? Nee, net samar fakânsjefoto’s of in portret, mar foto’s fan ‘e kul. De wittenskip hat dêr wol wat oer te sizzen.

Seldsum is it net. Ut in ûndersyk dat yn 2019 holden is, die bliken dat mear in fearn fan ‘e Amerikaanske jongkeardels wolris ien ferstjoerd hie, wylst de helte fan ‘e Amerikaanske froulju wolris ien krigen hie. De ferstjoerders joegen as foarnaamste reden dat se hopen dat de ûntfangster in foto weromstjoere soe fan har eigen skamdiel.

Undersykster Daphne van de Bongardt fan de Erasmusuniversiteit te Rotterdam seit dat der ferskate ferklearrings binne foar it wûnderlike dwaan fan ‘e manlju. Foar guon is it in fraach om befêstiging fan ‘e manlikens, wylst oaren in kontakt der persoanliker mei meitsje wolle. Wer oaren stjoere de foto net nei ien yn it bysûnder, mar krekt nei in grutte groep froulju, faak ek ûnbekenden, yn ‘e hope dat ien entûsjast reagearret.

In ûndersyk ûnder Nederlânske jongelju docht útwizing dat ien op ‘e trije jongfammen it wol wurdearje kin as se sa’n pimelfoto kriget, wylst in hast like grutte groep it wakker ferfelend fynt. Nederlânske jongfeinten reagearje in stik opteiner of foto’s fan froulike skamdielen dy’t harren sûnder te freegjen tastjoerd wurde: santich persint mei der wol oer en mar fiif persint hat it der net op stean.

Op ‘t heden is de wet der net dúdlik oer oft it ferstjoeren fan foto’s fan geslachtsdielen oan oaren samar mei, mar in wet dy’t op kommendewei is, makket soks ynkoarten sûnder tastimming strafber.

jannewaris 26, 2022 19:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.