De trije wichtichste misferstannen oangeande omikron – en de feiten

jannewaris 18, 2022 20:17
Foto: iepenbier domein

Op ‘t heden spielt it omikronskaai fan it koroanafirus oer Fryslân hinne. Hoewol’t der optimistyske lûden oer de nije staach oan ‘e firusstambeam te hearren binne, dogge ferskate misferstannen de omgong. Hjir lêze jo hokker oft dat binne, wêrom’t se mis binne en hoe’t it wol sit.

1. Omikron wurde jo hast net siik fan

Alderearst: ja, it liket der yndied op dat it deltaskaai minsken siker makke as it omikronskaai. Dat betsjut lykwols net dat omikron mar in grypke is. Benammen minsken dy’t noch net in opfrisprip helle hawwe of dy’t net faksinearre binne, hawwe in grut risiko om siik te wurden. Minsken dy’t breklik, âld of te grou binne, rinne in noch heger risiko.

Mei in folsleine faksinaasje en in opfrisinting kinne jo ek noch siik wurde, mar de kâns dat jo dan yn it sikehûs bedarje is dan lyts. Dochs wol dat net sizze dat jo der dan mei in grypke foarwei komme. Wat dokters “in myld ferrin” neame, omfiemet alles dêr’t jo net foar it sikehûs yn moatte, dus ek wikenlange pine, nearboarstigens en koarts.

2. Oan omikron is hoe dan ek net te ûntkommen

Op ‘e lange doer is it wier: hast elkenien sil in kear koroana krije, oft er no yninte is of net. Dat senario hâldt der lykwols rekken mei dat wy ynkoarten gjin koroanaregels mear hawwe. It normale sosjale kontakt makket dan dat net ien mear oan it firus ûntkomt. Tsjin dy tiid sil dat nei ferwachting net mear in probleem wêze, om’t de maatregels pas opheft wurde as de sikehuzen it tal nije pasjinten oankinne.

Salang’t dat net sa is, is it wier mooglik om josels tsjin besmetting te beskermjen. Mei in mûlkapke, troch ôfstân te hâlden en troch geregeld te wierjen hâlde jo it omikronfirus yn ‘e measte gefallen op ôfstân.

It omikronfirus is nammentlik net fan himsels besmetliker as it deltaskaai. Dat dat al sa liket, komt trochdat de faksinaasje wol beskermet tsjin in slim sykteferrin, mar net tsjin besmetlikens. Sels as jo net of amper siik wurde fan it koroanafirus, kinne jo it wol oan oaren oerdrage. Dêr komt by dat it firus him sa fluch ûntwikkelet dat in thústest net altyd goed wurket: koart neidat jo in negative testútslach krigen hawwe, kinne jo dochs besmetlik wêze.

3. In tredde prip hat gjin doel

In tredde prip is tige wichtich om jo te beskermjen tsjin it koroanafirus, dat jildt ek foar it omikronskaai. Hoewol’t de tredde prip oantsjut wurdt as opfrisprip, oppepprip of boosterprip, is er mear as dat: hy is nedich om ymmún te wurden. Minsken mar mei twa prippen hawwe twaris safolle kâns om yn it sikehûs te bedarjen as minsken mei trije.

jannewaris 18, 2022 20:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.