De Lawei skinkt 300 dinerdoazen oan Itensbank Smellingerlân

jannewaris 7, 2022 08:37 Fernijd

De Krystdinerdoaze fan De Lawei en Teaterkafee Hopper bliek de ôfrûne krystdagen ek wer in grut sukses te wêzen. Mei de online ferkeap fan 550 dinerdoazen wie de trijegongedoaze hielendal útferkocht. “Dat it wer sa’n stoarm rinne soe, doarden we net te hoopjen”, seit Alfred Matthijssen, haad bedriuwsfiering fan De Lawei. Mei de ferkochte dinerdoazen hat De Lawei ek 300 trijegongemielen oan de Itensbank Smellingerlân skonken.

“De Lawei fielt him sterk ferbûn mei de regio en dêr past omsjen nei oaren dy’t wol wat ekstra’s brûke kinne hielendal by”, seit Ruth ter Voort, haad hoareka & publyk. Mei de jefte oan de Itensbank Smellingerlân hawwe 300 húshâldens dy’t fan de itensbank ôfhinklik binne, genietsje kinnen fan in hearlik trijegongediner. De doazen binne moandei oan de Itensbank Smellingerlân oerlange.”

Foto: De Lawei

jannewaris 7, 2022 08:37 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.