De Kas presintearret: Dina
Resint ferskynd
Sjongeres Dina wennet sûnt koart op it eardere eilân Wieringen. Mei har partner hat se de ôfrûne tiid hurd wurke om in broeikas yn de eftertún te bouwen. It plan is om út dy kas wei te genietsjen fan it útsjoch. “It lit my ferwûnderje en ik fantasearje oer de natuer en hoe’t ik dêr ien mei wurde kin.”

Foto: pixabay.com
Op dat plak wol se ûndersykje: “Want ûnder de fuotten sit in ûneinige boarne fan ynformaasje. Myn grûn, dêr’t ik op stean as noftere Friezinne dy’t safolle fielt dat se, nettsjinsteande har ierdskens, in konstante oanwêzigens fan magy fielt. Wêr komt dat dan dochs wei?”
De Kas op Wieringen is in plak dêr’t Dina har muzyk hearre lit, mar ek in plak dêr’t se oare artysten in poadium biede wol. De Kas is in broeikas, in plak foar groei en ferbining, en jout in thús oan artysten, muzikanten, sprekkers, skriuwers en dichters. Ien kear yn de twa wike organisearret Dina in livekonsert yn De Kas, dy’t live streamd wurde sil fia ynternet. Op freed 4 febrewaris is ZEA te gast.
Kaarten binne te keap fia www.dinamusic.nl/dekas.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje