De EU hat der in nije offisjele taal by

jannewaris 4, 2022 17:48

Ferline jier hie de Europeeske Uny noch 23 offisjele talen. Dat is op 1 jannewaris 2022 ien mear wurden. Dat is apart genôch net in erkende minderheidstaal, mar in offisjele earste lânstaal. Dy taal hie in beheinde status yn de Europeeske Uny, lang net alles waard deryn oerset. Dat sil tenei wol dien wurde.

Dy taal is it Iersk, offisjeel de earste offisjele taal fan Ierlân. Yn de praktyk wurdt it Ingelsk yn Ierlân lykwols mear brûkt as it Iersk, ek troch de measte oerheden. Der wie yn Ierlân net safolle ferlet fan oersettings nei it Iersk ta, dat Ierlân foar it Iersk deselde mooglikheden easke as oare lidsteaten foar harren offisjele talen. Sûnt 2007 hat it Iersk wol in beheinde rol yn de Europeeske Uny, mar gauris moatte de Iersktaligen dochs gebrûk meitsje fan in oare taal.

Der is lykwols in aktivive taalbeweging yn Ierlân, dy’t stribbet nei mear status foar de eigen taal. As tarieding op in lykberjochtiging fan it Iersk mei de oare nasjonale talen hawwe Ierlân en de EU de ôfrûne jierren in protte oersetters oplaat en in protte offisjele EU-stikken yn it Iersk oersette litten.

jannewaris 4, 2022 17:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.