Cote Create yn 2022 ek stedskeunstner fan Ljouwert

jannewaris 26, 2022 09:52

It kolleezje fan B&W fan de gemeente Ljouwert hat besletten dat it stedskeunstnerskip fan Cote Create mei ien jier ferlinge wurdt. Cote Create is begjin 2020 foar twa jier ta stedskeunstner beneamd. Hja bliuwt dat no oant en mei 2022.

Cote Create (boarne: Gemeente Ljouwert)

“De stedskeunstner hat de ôfrûne twa jier troch koroana hieltyd har plannen bystelle moatten. Sintraal yn har plannen steane de stêd as kanvas en de ferhalen fan ynwenners. In grut tal fan har oarspronlike ideeën koe se no net realisearje. Troch de termyn fan de stedskeunstner mei ien jier te ferlingjen, kriget sy de mooglikheid om ús it kommende jier noch mear mei har projekten te ferrassen”, seit Hein Kuiken, wethâlder kultuer.

Cote Create
Cote Create is de namme wêrûnder de Sileenske Maria Jose Jara Veragua aktyf is as keunstner. Hja hat de ôfrûne twa jier as stedskeunstner ûnder oare in protte opmoedigjende berjochten yn ferskate talen troch de hiele gemeente efterlitten. Hja hat de etalaazjeruten fan winkeliers kreatyf beskildere om sa de dreamen fan dy ûndernimmers mei de foarbygongers te dielen. Se hat ek de strjitten yn ’e binnenstêd mei har kleurrike strjittekeningen opfleure.

Cote is bliid mei har funksje as stedskeunstner. “Ik brûk myn kreativiteit om minsken te ferbinen. Dat sosjale aspekt, dêr giet it my om. Dat dat omtinken foar myn wurk opsmyt is fansels moai, mar net it wichtichste. Ik hoopje dat úteinlik oan my weromtocht wurdt as ien dy’t hoop en leafde brocht hat. Ien dy’t om oaren jout.”

Stedskeunsner gemeente Ljouwert
‘Stedskeunstner’ is in earetitel en ornearre om in profesjonele kreative makker ekstra wurdearring en stimulearring te bieden. Cote Create wie yn jannewaris 2020 al útroppen ta stedskeunstner fan de gemeente Ljouwert foar de perioade 2020-2021. No komt dêr 2022 noch by. Yn dy trije jier brûkt se de stêd as har kanvas mei omtinken foar meartaligens en foar de ynwenners fan de gemeente, dy’t se in grutte rol spylje lit. Cote Create rjochtet har benammen op foarmjouwing en har projekten befine har foaral op it snijflak fan minsken, kommunikaasje en sosjale gearhing.

jannewaris 26, 2022 09:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.