CDA: ‘Bring de nije Rembrandt nei Fryslân’
Resint ferskynd

Rembrandt van Rijn, ‘De Vaandeldrager’ (boarne: Wikipedia – publyk domein)
Koartlyn hat it Ryk it skilderij ‘De Findeldrager’ fan Rembrandt oankocht. Steatelid Wieke Wiersma fan it CDA Fryslân seit dat it skilderij op toernee troch Nederlân gean moatte soe, sadat elkenien it sjen kin.
It Frysk Museum yn Ljouwert soe neffens de partij it plak by útstek wêze om ‘De Findeldrager’ út te stallen. Saskia van Uylenburgh, de grutte leafde en muze fan Rembrandt, waard op 300 meter ôfstân fan it museum berne. Yn 2018/19 wie dat al it dekôr foar de útstalling: Saskia en Rembrandt, leafde yn de Gouden Iuw.
CDA Fryslân freget no oan deputearre Sietske Poepjes oft sy it mei de partij iens dat sa’n masterwuk in goede regionale sprieding fertsjinnet en yn Fryslân, en Ljouwert as Kulturele Haadstêd 2018 just in prominintere rol ynnimme mei. Dêrom wurdt de deputearre frege yn De Haach in lobby te begjinnen om it klear te spyljen dat ‘De Findeldrager’ permanint yn it Frysk Museum eksposearre wurdt.
Lês de fragen fan CDA Fryslân oer ‘De Findeldrager’ oan frou Poepjes.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje