Bylderûte fan bûtenpleats Olterterp

jannewaris 29, 2022 17:18

Foto MV

Yn it gebiet fan de sân bosken fan Beestersweach en Olterterp leit in nijsgjirrige kuierrûte. Oan dy rûte is in bûnt selskip fan bylden te finen, makke yn de bast fan fjirtjin beammen, mei ûnderskate personaazjes út de Fryske mytology, folksferhalen en sêgen.

Fiif kettingseage-keunstners hawwe yn 2015 yn opdracht fan de feriening ‘De Opsterlandse Groene Parels’ dy bylden makke. En soks yn in gebiet dat iuwen lyn troch Ambrosius van Boelens oanlein waard mei u.o. in grot, in soarte fan hermitaazje en mei de tolve apostels yn de foarm fan tolve beammen.  Yn ’e rin fan de tiid en troch oarloggen wie it kuiergebiet folslein yn ferfal rekke, mar letter wer foar in grut part opknapt.

Foto MV

Sintraal by de rûte stiet it hotel het Witte Huis, dêr’t net allinnich de ynwindige minske him oansterkje kin, mar ek ynformaasje te krijen is oer de rûte sels mei úteinlik njoggentjin ôfbyldingen.

Bekende objekten binne bygelyks de frouwe fan Starum en Rixt fan it Oerd, mar ek Bonifatius, kening Redbad, Grutte Pier en in stikmannich minder bekende nammen lykas Magnus de findeldrager. De measte keunstbeammen steane om de grutte fiver hinne middenmank in prachtige natuer.

Koartsein in gebiet gaadlik foar kuierders en bern, by wa’t de fantasy royaal oanwezich is, tagelyk mei in stikje mytologyske histoarje en nim fansels de kamera mei en yn dizze tiid de learzens ek.

Adres: Van Harinxmawei 20 Olterterp

Matthijs Verkuijl

 

jannewaris 29, 2022 17:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.