Bydrage Mondriaanfûns foar oankeapen Prinsessehof

jannewaris 21, 2022 08:42

It Mondriaanfûns hat € 80.000 takend oan Keramykmuseum Prinsessehof foar oankeapen. De oanfraach fan it nasjonale Keramykmuseum foar in bydrage oan it kolleksjeprogramma 2022-2023 waard troch it fûns posityf beoardiele. Mei de takenning fan it Mondriaanfûns kin it Prinsessehof wichtige oankeapen dwaan.

Wurk fan Yoon Seok-hyeon (foto: Ronald Smits)

De kommisje priizget it plan fan it museum om ‘urginte en maatskiplike tematyk sichtberder en fielberder te meitsjen’. Sa sil it Prinsessehof him de kommende jierren rjochtsje op duorsumens fan keramyk, sawol yn it histoaryske as it hjoeddeiske ierdewurk. Oer dat tema ferskynt ek in publikaasje. It Mondriaanfûns is benijd nei wat de nije konservator Wendy Gers kieze sil en hokker oankeapen dêrút fuortkomme.

Sustainable Ceramics
It Prinsessehof is tige bliid mei de bydrage fan it Mondriaanfûns. It makket dat Wendy Gers, sûnt novimber 2021 konservator moderne en hjoeddeiske keramyk, ûnder mear by steat wêze sil om de kommende jierren in searje fan útstallingen en oankeapen mei it tema duorsumens te plannen. Fan novimber 2022 ôf presintearret it Prinsessehof in mearjierreprogramma fan 12 útstallingen oer dat ûnderwerp. De fokus leit op keramyk mei in legere miljeu-ympakt as ‘tradisjonele’ keramyk, dy’t in hege ekologyske fuotleast hat. It útstallingsprogramma presintearret in breed skala oan makkers dy’t ynnovative wurkwizen, materialen en produksjeprosessen ûntwikkelje om keramyk bewust om te setten yn in etysk mear ferantwurde, duorsume en miljeufreonlike praktyk.

Der wurdt ek in publikaasje oer duorsume keramyk pland. De publikaasje rjochtet him op de foaroprinnende hjoeddeiske keunstners en ûntwerpers yn it fjild, en wjerspegelet ek in breder, kontekstueel histoarysk oersjoch fan duorsume keramyk, mei belangrike histoaryske wurken yn de fêste kolleksje fan it Prinsessehof. Dat programma sil ek resultearje yn in rige oankeapen, dy’t wichtige oanfollingen op de fêste kolleksje wêze sille.

Twajierliks
Keunstmusea mei in nijsgjirrige kolleksje fan hjoeddeiske byldzjende keunst en/of foarmjouwing kinne ien kear yn de twa jier in bydrage foar harren kolleksjeprogramma freegje. De programma’s dy’t de gearhing tusken it sammel- en presintaasjebelied, it belang foar de Kolleksje Nederlân, de relaasje ta de eigen kolleksje en de kwaliteit fan it kolleksje- en presintaasjeplan it bêste wjerspegelje, wurde honorearre.

jannewaris 21, 2022 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.