Busstasjon Boalsert fan snein ôf yn gebrûk

jannewaris 8, 2022 08:36 Fernijd

Fan snein 9 jannewaris ôf brûke bussjauffeurs fan Arriva it nije busstasjon oan de Twibaksdyk yn Boalsert. Op it plak fan it âlde busstasjon komt in parkearterrein. It nije busstasjon is in earste stap yn it opnij ynrjochtsjen fan Boalsert-West. 

Foto: Wikipedia/txllxt@Mapillary.com – CC BY-SA 4.0

Berikberens en gemak
In busstasjon bûten de stêd en dus minder busferkear troch it sintrum, dat wie lang lyn al in winsk fan de Boalserters. No is it hast safier. Oannimmer BAM hat de ôfrûne moannen hurd wurke oan it nije busstasjon oan de Twibaksdyk. “It nije busstasjon is in wichtige oerstaplokaasje en in wichtich einpunt. Fryslân is mei dit busstasjon in keatknipepunt fan it iepenbier ferfier riker”, jout Milfred Hart, regiodirekteur Arriva, oan. “Dêrmei wurdt de berikberens yn ’e regio grutter en ûntstiet de mooglikheid om te kiezen foar ferskate foarmen fan ferfier. Sa kin de reizger makliker fan doar ta doar reizgje.”

Takom wike pleatst BAM de bushokjes en fytsestalling. Deelfiets Nederlân leveret dizze of takomme moanne in tal dielfytsen foar it stasjon en der komt in paniel mei digitale reisynformaasje. Ta beslút leit de gemeente Súdwest-Fryslân yn de maitiid de beplanting oan. De offisjele iepening folget letter dit jier, as de koroanamaatregels it talitte en der wer mear reizgers binne.

Nij busstasjon is earste stap
It busstasjon oan de Twibaksdyk is in begjin fan de nije ynrjochting fan Boalsert-West. De Eksmoarrewei kriget dêr in direkte oansluting op de súdlike rotonde. De bûtentsjinst fan gemeente Súdwest-Fryslân komt op it terrein dêr’t no de miljeustrjitte leit. Dêrnei set de provinsje útein mei it oanpakken fan de folsleine krusing. “Goede stasjons binne fan grut belang foar de reizger en foar ús iepenbier ferfier. Yn Boalsert sette we no echt in flinke stap foarút”, seit deputearre Avine Fokkens-Kelder.

Nije halte Gasthússingel
Om it âlde busstasjon te ferfangen komt der in nije halte oan de Snitserstrjitte; halte Gasthússingel. De linen 90, 98,99 en 199 ride de besteande rûte fia it sintrum. Line 92/192 fan Ljouwert nei Boalsert rydt tenei fia de Eekwerderleane en Leech Bolwurk. Fan Bargefinne ôf rydt de bus fia de Harnzerstrjitte nei it nije busstasjon Twibaksdyk.

Parkearterrein mei grien
Op it terrein fan it âlde busstasjon oan de Snitserstrjitte komme parkearplakken. “De ôfrûne jierren hawwe wy parkearplakken fuorthelle. Mei dit nije parkearterrein is der skielk wer genôch plak om de auto oan ’e râne fan it sintrum te parkearjen”, jout wethâlder Mirjam Bakker oan. “Fansels komt der ek in protte romte foar grien. Wy binne Global Goalsgemeente en wolle op de klimaatferoaring ynspylje.”

As it wer kin, organisearret de gemeente in ynrinmomint. “Wy wolle mei de ynwenners en ûndernimmers sjen hoe’t we it parkearterrein it bêste ynrjochtsje kinne.” Wethâlder Bakker ferwachtet dat it parkearterrein der op syn lêst 2023 leit.

jannewaris 8, 2022 08:36 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.