Burgumse oan ’e start op it WK fjildriden yn Amearika
Resint ferskynd
De santjinjierrige Leonie Bentveld út Burgum docht ein jannewaris mei oan it wrâldkampioenskip fjildriden yn Fayetteville yn ’e Feriene Steaten. Bûnstrener Gerben de Knegt hat har selektearre. De kampioenskippen wurde op 29 en 30 jannewaris midden yn ’e Feriene Steaten holden.
Leonie Bentveld, dy’t op it ôfrûne EK fjildriden op de VAM-bulte by Wijster noch de sulveren medalje helle, wurdt tegearre mei Lauren Molengraaf yn ’e seleksje junior froulju opnommen. Yn totaal sille sa’n tweintich hurdfytsers – ferdield oer seis kategoryen – oan it WK meidwaan, wêrûnder Lars van de Haar, Lucinda Brand en Marianne Vos.

Leonie Bentveld op it EK (eigen foto)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje