Bouwe de Boer: Kreatyf diel-deale

jannewaris 15, 2022 09:17

Kollum

Seis jier lang hawwe wy as húshâlding in auto dield mei… de buorlju! In perioade dêr’t ik noch hieltyd mei alle wille op weromsjoch. Ta myn fernuvering waard de relaasje mei de buorlju der allinne mar better op. Wy hiene sa’t it skynt goede ôfspraken makke. En dy wiene dan ek hiel simpel.

Beide hiene we de auto op fêste dagen yn ’e wike en yn it wykein om bar. Dat wy twa kear safolle kilometers makken (sy wurken beide yn ’e buert) betsjutte dat wy twa kear safolle betellen oan reparaasjes, brânstof en fersekering. Wikselje koe altyd, yn goed oerlis fansels. Heldere en logyske ôfspraken. Ien kear yn ’e moanne holden we de ôfrekkenjûn en dat wie ús moanliks gesellich hichtepuntsje.

Wat my fan dy perioade benammen bybleaun is, is de kreativiteit yn mobiliteit dy’t we ûntwikkelen. Wy wisten ommers al fier fan tefoaren wannear’t we de auto wol of net hiene. “Ik kom in wykein letter op dyn jierdei, dan hawwe we de auto!” Pakst ek faker de fyts of bellest ien om mei te riden.

Faak heard: “No, dat soe neat foar my wêze!” En dochs jout yn in protte gefallen it ris in moanne besykjen nei alle gedachten in oar gefoel.

www.snappcar.nl

Meikoarten komt der in nije kâns! Noch yn de kommende maitiid komme der fjirtjin dielauto’s yn Ljouwert. Tagelyk komt der in oanbod foar elektryske dielauto’s foar de Fryske doarpen. Sagau as der yn in doarp of in wyk tsien húshâldingen in jierabonnemint ôfslute wolle, komme der twa elektryske dielauto’s. Tige de muoite wurdich foar ferieningen foar doarpsbelangen en enerzjykoöperaasjes om dêr serieus nei te sjen. Sân doapen hawwe har al oanmeld. De dielauto is sûnt de koroanagoarre ekstra yn ’e belangstelling. Hoe faak steane tsjintwurdich net twa auto’s op de oprit, soms selfs de hiele wike? Echt wat foar in diel-deal!

Stjoer foar mear ynformaasje in mail nei bouwe@freonen.nl.

Dit is nûmer 60 yn de rige Fryslân – Skjinnerlân
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân – Skjinnerlân.
jannewaris 15, 2022 09:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.