Binne Mosk oer de triljende krêft fan stiennen

jannewaris 14, 2022 07:33

Boarne: pixabay.com

Sûnt in jiermannich binne mei de site fan Delpher âlde kranten yn te sjen. Yn ferbân mei it sykjen nei de strip ‘Bokke Heidehipper’ sneupte ik yn in stikmanich jiergongen fan de Friese Koerier. Dat wie yn 1952 de opfolger fan de Heerenveensche Koerier, dêr’t Fedde Schurer syn bekende stik yn skreau dat de oanlieding joech ta Kneppelfreed. Dy Friese Koerier gie yn 1969 op yn de Leeuwarder Courant. Yn de krante fan 17 novimber 1955 fûn ik by tafal in nijsgjirrich stikje oer it leauwen fan it Fryske heidefolk út it súdeasten fan de provinsje. Ik hie it apart lein om der ris oer te skriuwen. No dan mar, aanst sil dúdlik wurde wêrom.

Boppe it stikje stiet ‘Tsjinwar tsjin ûnk’. De tsjintwurdige jongerein dy’t it Frysk op syn mobyltsjes brûkt, sil sa’n kop net begripe. It stikje giet oer ‘duveldrek’ en hoe’t dat brûkt wurde koe tsjin ûngelok en sykte. Duveldrek wie te keap by de drogist. De krêft derfan wie grut. Koest it ûnder de drompel fan de bûtendoar lizze, dan koene tsjoensters der net yn. Neffens oare ferhalen koest it yn in pûdsje om ’e nekke hingje, ek om kweade geasten op ôfstân te hâlden en om by sykte wer sûn te wurden. By einsluten koest dat giele poeier fan dy asafoetidaplant ynnimme as genêsmiddel tsjin alderhande kwalen. Under dy lêste namme is it noch te keap. It stikje beslút sa: “Wy praetten ris mei in âld minske dy’t it guod brûkte tsjin de senuwen, mar dy doarst it guod sels net te heljen, omt sy dy rare namme net sizze woe. It âld wyfke wie de Keninginne to ryk doe’t wy har de moaije namme neamden (asafoetida b.m), dy moasten wy har op in kladtsje sette.”

Undertusken binne wy in lytse santich jier letter. De Leeuwarder Courant hat sneons tsjintwurdich in magazine. Yn it nûmer fan 8 jannewaris stie ûnder de kop ‘Leef je onder een steen ofzo?’ in bydrage oer de krêft fan ‘Edelstenen: de hype, de werking, de gevaren’. Reden genôch om ris wat djipper yn dy nijsgjirrige matearje te dûken. Om te begjinnen lit ik in pear minsken oan it wurd dy’t besykje om wat oan de krêft fan stiennen te fertsjinjen.

Sa hat Roelie Dekker in stiennewinkel yn Noarch. Neffens har hat elke stien trillingen en it hinget fan de persoan ôf hokker stien oft it bêste past. “Zo wordt bijvoorbeeld bergkristal ingezet bij kinderen die erg gevoelig zijn en een zwakke weerstand hebben”, seit Judith Staats út Grins. Sy is klassyk homeopaat. “We werken namelijk met de frequentie of informatie van de steen. Deze wordt overgebracht op water en dat water dient als medium en wordt ingenomen. Eenmaal ingenomen wordt het herstellende vermogen van de mens daardoor geprikkeld en gaat het lichaam aan de slag.”

Werom eins net in kninekeutel oan in toutsje om ‘e nekke hingje?

Der is op it ynternet in soad te finen oer dy hannel. Ast dy dermei dwaande hâlde wolst, is it saak om earst de oplieding edelsteentherapie te folgjen. Dat is nedich om de stiennen profesjoneel en feilich yn te setten yn it wurk mei dyn klanten. Gelokkich is der in ‘Erkende geaccrediteerde opleiding Edelsteentherapie’. Kinst de terapy kombinearje mei bygelyks ‘Aura- en chakrahealing’. Wat dat betsjut mei joast witte, ik haw it net opsocht. Neffens de saakkundigen yn dizze wrâld hawwe de stiennen in krêftige enerzjy. Oer ien fan de stiennen kaam ik dit tsjin: “De bloedkoraal werkt tegen bloedarmoede, een hoge bloeddruk, een ijzertekort, steenpuisten en bij het krijgen van tandjes bij baby’s en kinderen.”

Wat moatte wy no mei soksoarte fan ûnnoazelens? Kinst dy der gewoan net drok oer meitsje. By myn soarchfersekering De Friesland kinst dy foar in premy fan € 53,50 yn ’e moanne byfersekerje foar ‘alternatieve geneeswijzen’ mei in maksimaal te fergoedzjen bedrach foar in jier fan € 600. Ik haw gjin idee hoefolle minsken oft dêr gebrûk fan meitsje, mar it liket my ta datst yn stee fan duveldrek of in stien likegoed in kninekeutel oan in toutsje om ’e nekke hingje kinst. Ommers, it leauwe is by steat om bergen te fersetten.

jannewaris 14, 2022 07:33
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Rommert Tjeerdsma jannewaris 19, 15:04

    Dize ôflevering (ein oktober fan Keuringsdienst van Waarde oer genêskrêftige edelstiien fûn ik tige de mouite wurdicht: https://www.npo3.nl/keuringsdienst-van-waarde/28-10-2021/KN_1725016

  2. Rommert Tjeerdsma jannewaris 19, 15:05

    Dize ôflevering (ein oktober) fan Keuringsdienst van Waarde oer genêskrêftige edelstiennen fûn ik tige de muoite wurdich: https://www.npo3.nl/keuringsdienst-van-waarde/28-10-2021/KN_1725016

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.