Binne Mosk: ik kin wol koarje fan it wurk fan Marlene Dumas
Resint ferskynd
- Frysk, Nedersaksysk, Limburchsk en Papiamintsk krije ekstra jild 0
- FryslânDOK ‘It smelle paad’: kuierrûte by tsjerken lâns 0
- Pier Bergsma: Yn Dantumadiel fersteane se gjin Frysk 1
- Evenemint oer minderheden en taalrjochten yn Glasgow, Skotlân 1
- Skiednis mei Hilbert: Fryske en Frankyske munten út Doarestêd 0
Kollum

Ryksmuseum Amsterdam.
Foto © Gebruiker Voytikov CC BY-SA 2.5
Berne yn Kaapstad yn 1953, wennet en wurket Marlene Dumas al fan 1976 ôf yn Amsterdam. Se wurdt yn de keunstwrâld, alteast troch guon, heech wurdearre. Net troch my. De wiere leafhawwer fan har mislearre portretten sil no sizze dat ik it net begryp. Dat sil wol, mar dan komt my dat mearke fan de keizer, dy’t gjin klean oan hat wer yn ‘t sin.
It Stedelijk Museum en Rijksmuseum yn Amsterdam hawwe wurk fan har. Sa hat it Rijksmuseum by de weriepening har ‘Het laatste avondmaal’ krige fan in partikuliere samler. Wat my tsjinstiet yn har wurk is dat der net in sprút fakmanskip oan te sjen is. It Stedelijk Museum hat út en troch tentoanstellingen fan moderne keunst dêr’t gjin tou oan fêst te knoopjen is. Gelokkich hawwe se in ôfdieling mei prachtige tapaste keunst, dêr’t it fakmanskip fan ôf spat.
Hoe kom ik hjir no op. Dat sit sa. It is dizze wike, fan 24 jannewaris oant en mei 2 febrewaris, ‘Pöezieweek’ en dan komme der yn kranten en op ‘e radio gedichten foarby. Soms tige slagge, soms ûnbegryplik. It Frysk literêr en algemien opinyblêd De Moanne publisearret yn alle nûmers in stikmannich gedichten. It wurdt der de lêste tiid net minder op, mar dêr sit somtiden ek folslein ûnbegryplik gestammer by. Ik haw wolris tocht, wêrom as blêdfolling net in gedicht yn it Sineesk en dan mei dy moaie Sineeske karakters.
No sille jimme tinke dat ik der gjin sprút ferstân fan haw en dêrom sa tekeargean, mar ik haw der ea foar trochleard. Tajûn dat is lang ferlyn, ik praat oer de santiger jierren. ‘Close reading’, skerp lêze en besykje te begripen hearde doe, en miskien no noch wol, by in doktoraal stúdzje Nederlandse taal en Letterkunde.
Is it dan allegearre kommer en kwel yn de dichtkeunst? Nee, wiswier net. Ik haw ûnder oare hjir thús De 100 mooiste Friese gedichten (2006) op ’e planke stean. Dêryn in soad kwaliteitswurk yn it Frysk en oerset yn ús oare taal. Om sjen te litten wat neffens my fakwurk is, hjirby it begjin fan in pear moaie sonnetten lykas dit begjin fan Sybe Krol:
ik gong nei bûten om de loft te sjen
de reade jûnloft dy’t him speegle yn ‘e ruten
ik gong nei bûten, want ik bin in bern
fan ’t iepen fjild, fan biten, ierpels kluten (side 39)
Of it begjin fan ‘Ban en boete’ fan Piter Yedema:
It skaad fan wolken gliidt de heuvels oer:
In fjild mei weidzjend fee omjûn fan stiennen
skoot stadichwei har wannellannen binnen
en wylst ferskynt in ynwyt doarp mei toer. (side 81)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje