Bewenner moat sosjale hierwente keapje kinne

jannewaris 5, 2022 20:43
Ofbylding: pixabay.com

It nije regear wol dat minsken dy’t yn it sosjale segmint in wente hiere, dy keapje kinne. It doel is dat hja op dy manier maklik op ‘e keapmerk komme kinne. No is it keapjen fan in hûs finansjeel hast ûnmooglik foar wa’t noch net in hûs hat.

In probleem fan dat plan is neffens wenningboukoepel Aedes dat der by de útfiering minder sosjale hierwenten beskikber binne, wylst dêr krekt in soad ferlet fan is. Stedsgeograaf Cody Hostenbach fan de universiteit fan Amsterdam seit dat de kâns ûntstiet dat de kreaze wenten kocht wurde en dat nije sosjale hierwenten in legere kwaliteit hawwe. Yn Ingelân is dat ek bard doe’t korporaasjes op grutte skaal sosjale hierwenten ferkochten.

jannewaris 5, 2022 20:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.