‘Bettere ynformaasjekampanje oppepprip nedich’

jannewaris 7, 2022 08:47

Yn De Telegraaf pleitsje deskundigen foar in bettere ynformaasjekampanje oer oppepprippen. Hja wolle dat dêrby ek de wiken yngien wurdt om minsken te ynformearjen oer it nut fan de ekstra prippen. De deskundigen hawwe noed no’t de opkomst foar de oppepprip leger út driget te fallen as hope waard.

Foto: pixabay.com

“De kommunikaasje hat bêst betiizjend west”, seit ynterninst Robin Peeters tsjin de krante. “Earst soene inkeld de sechtichplussers in oppepprip nedich hawwe en no moat elkenien yn sân hasten ien krije. It is no tige wichtich om dúdlik út te lizzen dat dat troch it omikronskaai komt, en dat de beskerming troch de earste faksinaasje dêr minder tsjin is.”

It ministearje fan Folkssûnens seit tsjin De Telegraaf dat der al aktyf oan de kommunikaasje wurke wurdt en dat dy de kommende wiken yntinsivearre wurdt.

jannewaris 7, 2022 08:47
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. A.Kramer jannewaris 12, 13:33

    Om in opprepprip te heljen is in hiele poepetoer. Net dy prip sels en it dêr nei ta gean. (dit wol foar dyjingen dy’t der fier foar reizgje moatte). It foar josels organisearjen is wol net maklik. Jo moatte dat op it derfoar goede webstee dwaan en der wurdt fan alles frege, en je moatte der akkuraat by wêze om dat goed te dwaan. Ek it fernimmen dat je oan bar binne kin mislearre. at je net op it goede stuit op it goede webstee sitte ûntgiet it je dat it tiid foar je, om te boosterjen is. De opropbrief kommet folle te let dy komt hast in moanne letter as it stuit dat op webstee meld wurd dat je oan bar binne.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.