Bart Schneemann fan it NBE riddere foar bydrage oan kultuer

jannewaris 5, 2022 08:51 Fernijd

Bart Schneemann (67), hoboïst en sûnt 1988 artistyk lieder fan it Nederlânske Blazers Ensemble (NBE), is beneamd ta ridder yn ’e oarder fan de Nederlânske Liuw fanwege syn jierrenlange grutte fertsjinsten foar it kulturele libben yn Nederlân en dêrbûten.

Bart Schneemann en syn famylje (foto: Peter Lodder)

Schneemann ûntfong de ûnderskieding op 1 jannewaris út hannen fan de Amsterdamske lokoboargemaster Marjolein Moorman yn it Konsertgebou. De huldiging wie fuortdaliks nei de opnamen foar de telefyzjeútstjoering fan it 50e Nijjierskonsert fan it NBE.

By de seremoanje waard Schneemann neamd as “keunstner fan de bûtenkategory”. “Hy is in hoboïst fan wrâldklasse, mar ek in begenedige ensemblelieder, in fernijend programmamakker en regisseur, in coach en ynspirator fan jong talint en, net yn it lêste plak, in ferbiner fan musisy en oare keunsters út ferskate kultueren.”

It 50e Nijjierskonsert fan it Nederlânsk Blazers Ensemble is werom te sjen op npostart.nl.

jannewaris 5, 2022 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.