Bargen krije gjin koroana troch tûk selsferneatigingsmeganisme
Resint ferskynd

Bargen krije gjin koroana. Hoe’t dat kin, wie oant no ta in riedsel. In groep Amerikaanske wittenskippers hat no ûntdutsen hoe’t dat kin. De ûntdekking kin bydrage oan in behanneling fan de koroanasykte by minsken.
As in baarch besmet rekket mei it koroanafirus, ferneatigje de besmette sellen yn it slymflues fan ‘e luchtwegen harsels fuortendaliks. It firus wurdt mei ferneatige en kin himsels net mear fermannichfâldigje.
Sokke selsferneatigingsmeganismen komme as beskerming ek by minsken foar, mar dy wurkje folle stadiger. By bargen giet it wol hûndert kear sa hurd as by minsken. It firus hat dêrtroch gjin kâns. De bargen kinne inoar net besmette en wurde ek net siik.
Boppedat wurket it selsferneatigingsmeganisme fan sellen yn minsklik slymflues oars. Bargen brûke it ûnskuldige systeem dat apoptoaze neamd wurdt en dat ek in ein makket oan minsklike hûdsellen. Sellen út minsklik slymflues dy’t mei it koroanafirus besmet binne, ûndergeane njonken apoptoaze ek nekroaze, dat ek ûntstiet nei befriezing en dat omlizzende sellen skansearje kin.
In ferslach fan it ûndersyk is te lêzen yn it tydskrift Nature. It stiet hjir.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje