Assertiviteitstraining helpt by behâld fan it Frysk

jannewaris 12, 2022 17:19
Foto: Morguefile

In protte Friezen ferbrekke harren as hja mei in Nederlânsktalige prate, om’t hja dat as fetsoenliker beskôgje. Dat fetsoen op lytse skaal soarget der op grutte skaal lykwols foar dat it as gewoan oanfield wurdt dat de Frysktaligen harren oan de Nederlânsktaligen oanpasse. De Afûk jout tsjintwurdich “talige asseritiviteitstrainings”. De Katalaanske ûndersiker Guillem Belmar Viernes hat ûndersocht oft dy fertuten dogge en dat blykt sa te wêzen.

By de training sizze in soad Friezen dat hja net ûnfetsoenlik wêze wolle. Hja komme der dan efter dat in protte Nederlânsktaligen it just noflik fine as der Frysk tsjin harren praat wurdt, sadat hja it better leare kinne of it gefoel hawwe dat hja der ek by hearre. Fierder leare de dielnimmers dat hja troch yn it Nederlânsk tsjin frjemden te begjinnen der faak net efter komme dat dy ek Frysk prate kinne. Om fetsoenlik te wêzen is it dan ek faak net nedich of sels mar goed om jin te ferbrekken.

Fierders ûntdekke de dielnimmers dat as oanpassing fetsoenlik is, dy ek fan de oare kant komme kin. As de Frysktalige him altyd oanpast, lit dat sjen dat de talen net lykweardich binne. Hja leare ek dat in petear ek twatalich ferrinne kinne, sadat elk syn eigen taal prate kin. Dat jout ek lykweardigens. Belmar Viernes ferwiist nei ûndersyk dat sjen lit dat it Frysk foar Nederlânsktaligen ek sûnder aktive kennis al behoarlik goed te ferstean is.

Net alle dielnimmers oan de training koene harren derta sette om harren minder te ferbrekken, skriuwt Viernes, mar by guon giene de eagen iepen troch de nije ynsjoggen.

Ut ûndersiken fan de lêste jierren docht bliken dat Frysktaligen harren faak ferbrekke. Dêrtroch is it Frysk folle minder faak te hearren as kinne soe, mei as gefolch dat minsken de taal lytser ynskatte as dat er is. As Frysktaligen konsekwinter Frysk prate soene, soene hja it Frysk stypje. Assertiviteitstrainings binne dêrom wichtich foar it behâld fan lytse talen lykas it Frysk.

De ûndersiker docht ferslach fan syn ûndersyk yn it tydskrift Us Wurk.

jannewaris 12, 2022 17:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.